Eric Hoekstra: út ‘Roman fan in hielmaster’ (41)

novimber 10, 2018 07:54

Se harkje al, mar hearre net

Genêzing fan in dôve (https://antieketegelsdeduif.net/wp)

De autoriteiten geane tsjin my tekear. Guon leauwe yn effisjinsje en se wolle fan elkenien in stikje ark meitsje. Guon leauwe yn jild en wolle oeral op besunigje mar net op har eigen lean. Guon leauwe yn ’e kalkulearjende minske en se wolle fan elkenien in kalkulator meitsje. Guon leauwe yn moaie idealen en tinke yn partijen, mar oaren moatte de lêsten drage fan har healwize partijplannen. Se binne as dôfstommen, want se kenne de wierheid net sprekke en net hearre.

Ien is net ferkeard omdat er earm of siik of by in beskate partij is. It ferkearde is yn beslissingen dy’t minsken yn har binnenste nimme en dan nei bûten ta útdrage. Want út it binnenste komme ferkearde gedachten: jildsucht, oaren feroardielje, jinsels yn ’e hichte stekke, ferbaal en oar geweld, bedroch, neat goed fine, jinsels net yn ’e macht hawwe by it genietsjen fan iten of seks of drank, oergeunst, lilkens, stikelstekkerichheid, ûnferskillichheid en dôfhûdichheid foar it lijen fan oaren. Dat fertel Ik oan it folk dat my folget en de autoriteiten steane derby en sjogge it oan.

De minsken bringe in dôve by my dy’t hast net prate kin. Ik nim him apart, in eintsje by de minsken wei. Ik doch myn fingers by him yn ’e earen en reitsje mei wat flibe syn tonge oan. Dan sjoch ik omheech nei de himel, suchtsje djip en sis “Effata”. Dat betsjut “gean iepen”. Op dat stuit geane him de earen iepen en syn tonge komt los en hy kin gewoan prate. Ik wol net lije dat de lju dit  trochkrantsje, want ik wol net as wûnderdokter bekend stean, al help ik wa’t mei problemen by my komt. It giet my om it better meitsjen en om it fertrouwen dat meiminsklikheid mooglik makket. Elkenien beart tige fan wat ik dien haw. Se roppe:
“Geweldich wat Er allegear docht. Hy makket dat dôven hearre en stommen sprekke.”
Ik tink oan ’e autoriteiten en har spionnen en har tekoart oan meifiellen docht my sear.

De foargeande ôfleveringen binne fan 3 febrewaris 2018 ôf hieltyd op sneon op It Nijs publisearre.
Mear ynformaasje oer Roman fan in hielmaster is te finen op 
https://www.elikser.nl/roman-fan-in-hielmaster-roman-van-een-geneesheer.htm.
novimber 10, 2018 07:54
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.