Eric Hoekstra: út ‘Roman fan in hielmaster’ (40)

novimber 3, 2018 07:00 Fernijd

It brea fan God

Ofbylding www.pthu.nl

De oare deis sykje de minsken my en se fine my oarekant de mar dy’t sa yn ûnstjoer west hie. Ik sis tsjin har:
“Jim sykje my net omdat jim de tekens begrepen hawwe. Jim sykje my omdat jim fan it brea iten hawwe. Wa’t wurket foar it brea dat fergiet, sil yn ’e weagen fan ’e wrâld ferdrinke. Wurkje leaver foar it brea fan God.”
“Wat kinne wy dwaan foar God?”
“Folgje myn foarbyld, wês as my, doch foar de minsken wat ik foar har besykje te dwaan. Lit dyn aard troch my en yn my kompleter wurde. Leau yn my en fertrou op my. Soargje foarinoar en hâld faninoar en fyn inoar yn jim leafde foar my. Dat is de wil fan God dy’t my nei jim ta stjoerd hat. Gjinien kin ta my komme as de Heit him net oanlûkt. Ik bin it brea fan it libben dat yn ’e woastyn fan ’e dea delsaait. En it brea dat ik jaan sil is myn fleis. En de wyn dy’t ik jaan sil is myn bloed. Wa’t it lijen fan syn meiminsken begrypt en har pine oanfielt, dy wit wêrom as ik op ’e ierde kommen bin, ik, de Soan fan ’e Hear fan ’e Uneinichheid. Wa’t my fûn hat, sil ek syn taak fine en de wurken dy’t er dwaan moat om it libben sin te jaan.”

De foargeande ôfleveringen binne fan 3 febrewaris 2018 ôf hieltyd op sneon op It Nijs publisearre.
Mear ynformaasje oer Roman fan in hielmaster is te finen op 
https://www.elikser.nl/roman-fan-in-hielmaster-roman-van-een-geneesheer.htm.
novimber 3, 2018 07:00 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.