Emile Ratelband wol offisjeel jonger wurde

novimber 8, 2018 21:56

“Je bent zo oud als je je voelt.” It wurdt faak sein, mar dan oerdrachtlik. Emile Ratelband, de positiviteitsgoeroe mei syn gjalp tsjakka! wol it lykwols letterlik nimme. Hy is 69 jier op ierde, mar fielt him tweintich jier jonger en wol no dat syn gefoelsleeftyd ek syn offisjele leeftyd wurdt.

Ratelband is berne op 11 maart 1949, mar hy fiert no in rjochtssaak om de ferskate Nederlânske oerheden derta te twingen en wizigje dy mannichste nei 11 maart 1969. Hoewol’t de Nederlânske media der noch net botte wiidweidich oer skreaun hawwe, hat de rjochtssaak de Spaanske, Dútske en Ingelske parse wol helle.

“Ik lijd onder mijn leeftijd”, sei Ratelband woansdei yn Arnhim tsjin ‘e rjochter. Troch syn âldens soe er minder wurk krije. Hy wol ek gjin pensjoen hawwe en hy lijt nei eigen sizzen ûnder syn leeftyd op Tinder – in applikaasje om mei froulju yn kontakt te kommen.

Ratelband syn abbekaat Jan-Hein Kuijpers ferlike Ratelband syn winsk mei dy fan saneamde trânsdzjenders – minsken dy’t neffens it fielen in oar slachte hawwe as neffens de lichemsbou.

Hoe’t it komt, wurdt oer fjouwer wike dúdlik. Dan docht de rjochter útspraak. Mocht Ratelband syn sin krije, dan soe dat it earste gefal wêze.

 

novimber 8, 2018 21:56
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.