Ein Deutsches Requiem – yn it Frysk

novimber 24, 2018 13:03

Konsert NHL-Stendenkoar

troch Frâns Kuipers, koarlid

Jannewaris 2018 binne de Noardlike Hegeskoalle en Stenden University fusearre ta Hegeskoalle NHL Stenden. Dizze hegeskoalle is fêstige yn Ljouwert en hat ferskaat oan dependânsen yn it Noarden fan it lân en yn in stikmannich lannen lykas Sina. It tal studinten is goed 11.000. Stenden University hie al jierren in heechweardich klassyk koar fan studinten, âld-studinten, dosinten en âld-dosinten. It stie fiifentweintich jier ûnder lieding fan Harmen Witteveen. Tsjintwurdich is Hans de Wilde út Zutphen de dirigint. Troch syn ambisjeuze ideeën is it tal konserten sterk útwreide. De Wilde syn grutte winsk foar dit jier wie it om in unyk konsert te jaan dat oanslút by de Fryske Kultuer.

Dat is slagge, want it NHL Stendenkoar slút it kulturele-haadstêdjier 2018 ôf mei de útfiering fan ‘Ein Deutsches Requiem’ – yn it Frysk. Dat is in primeur, want nea earder is it requiem fan Johannes Brahms útfierd yn it Frysk. Dat requiem is klassyk en melangoalysk, mei in sterke ynmoedige emoasje. It Requiem jout treast oan neibesteanden yn libben en dea. Muzyk en tekst reitsje it djipste fan de siel. As epilooch fan Kulturele Haadstêd 2018 klinkt it Requiem troch as in symboal fan hoop.

De Fryske oersetting is makke troch Willem Abma en Jantsje Post, wylst de partituer fersoarge is troch koarlid Marieke Sytema. Alle ynspanningen hawwe laat ta in resultaat dêr’t it NHL Stendenkoor grutsk op is. Oan de útfiering wurkje twa jonge solisten mei: Fardau van der Woude, sopraan, en Roele Kok, bas/bariton. De ynstrumintale begelieding is yn hannen fan Johan Bijhold en Monique van de Ven, quatre mains op fleugel.

It konsert is op freed 30 novimber 2018 om 20.00 oere in de Grutte Tsjerke yn Ljouwert. Fanwegen de grutte belangstelling is der in ekstra útfiering op sneon 8 desimber om 20.00 oere.

De reguliere tagongspriis is 15 euro, de tagongspriis foar jongelju en studinten is 10 euro, ynklusyf in programmaboekje. Foar mear ynformaasje en it bestellen fan kaarten: www.nhlstendenkoor.nl.
novimber 24, 2018 13:03
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.