Dútske Noard-Fryske learkrêften op besite yn Fryslân

novimber 16, 2018 07:46

ôfbylding: fan Wikipedia

Op 19 en 20 novimber sille learkrêften út Noard-Fryslân (Dútslân), út ferskate nivo’s fan it ûnderwiis, in besite bringe oan de provinsje Fryslân. Cedin en it Mercator Europeesk Kennissintrum fan de Fryske Akademy hawwe dat organisearre en in programma gearstald, rjochte op de útwikseling fan ekspertize en ynformaasje oer it Frysk yn it ûnderwiis.

De learkrêften sille ûnder oare in besite bringe oan Cedin, Mercator/Fryske Akademy en in trijetalige skoalle. It plan is dat takomme jier in tsjinbesite fan learkrêften út Fryslân oan Noard-Fryslân brocht wurde sil. De belutsen partijen hoopje yn de takomst op in mear strukturele gearwurking tusken de twa Fryslannen op de mêden ûnderwiis en wittenskip.

It Frysk wurdt op it stuit yn de Noard-Fryske taalregio yn Dútslân op guon skoallen oanbean as fak en op guon brûkt as ynstruksjetaal. Dochs hat bliken dien dat it ûntbrekt oan in systematyske tapassing fan de taal yn it ûnderwiis. Dêrneist is der in tekoart oan lesmateriaal, wat derfoar soarget dat learkrêften gauris harren eigen materiaal meitsje moatte, of al besteand materiaal nei it Frysk oersette. Neist in tekoart oan systematyk en materiaal, is der in tekoart oan learkrêften yn it basis- en it fuortset ûnderwiis. Dat hat as gefolch dat it entûsjasme fan learkrêften Frysk yn Dútslân stadichoan minder wurdt.

It inisjatyf is ek fan belang foar Fryske wittenskippers, om’t der in tekoart oan wittenskiplike kennis is oer it ûnderwiis yn de Noard-Fryske taalregio. Geregeld kontakt tusken learkrêften en wittenskippers út beide Fryslannen kin derfoar soargje dat it entûsjasme foar it Frysk yn it ûnderwiis fersterke wurdt en dat der mei-inoar neitocht wurde kin oer de hjoeddeistige tûkelteammen.

novimber 16, 2018 07:46
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.