Bistefreonlikere aaien yn Berlynske supermerken

novimber 8, 2018 10:19

Supermerken yn Berlyn hawwe in primeur: dêr binne fan hjoed ôf aaien te keap fan hinnen dy’t op in nije, bistefreonlikere manier selektearre binne. De aaien dêr’t de lishinnen út berne wurde, binne al kontrolearre op it geslacht. Dêr wurdt mei foarkaam dat miljoenen iendeishoannepiken fergast wurde.

Foto: pixabay.com

Mei in nije, mei troch Nederlân ûntwikkele technyk wurdt al by it briedproses it geslacht fan it aai fêststeld troch in tige lyts gatsje yn de skaal te laserjen. “Wy helje der in minuskúl dripke embryo-urine út. Oan ’e hân fan it hormoannivo kinne wy bepale oft it in hoanne of in hintsje is”, seit Martijn Haarman fan Seleggt, dat de technyk ûntwikkele hat. De aaien mei hoantsjes wurde dêrnei út it briedproses helle. It is de bedoeling dat de nije technyk foar bried- en fleishinnen yn ’e rin fan takom jier ek yn Nederlân tapast wurde sil.

Jierliks wurde allinnich al yn Nederlân 45 miljoen hoannepykjes, krekt nei’t se útbret binne, fergast, om’t se gjin aaien lizze en hast gjin fleis jouwe.

novimber 8, 2018 10:19
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.