Dêr wolle je dochs net by hearre?

novimber 13, 2018 08:46

troch Jabik van der Bij

boarne: https://fy.wikipedia.org

It begjint hast in natuerferskynsel te wurden: as de blêden fan de beammen begjinne te fallen, boazet de diskusje oer Swarte Pyt wer oan. It lêste jier liket it him te konsintrearjen op Fryslân. De rebûlje op de A7 yn 2017 hat by guon Wâldsjers en oare har Friezen neamende lju syklike nasjonalistyske gefoelens wekker roppen. It reint ynstjoerde stikken yn de krante mei grutsprekkerij oer de eigen tradysjes en rituelen. In inkele kear lês je in tsjinlûd (û.o. Abe de Vries en fan ’e wike Eise Cornelis Smit). It lêste wapenfeit fan de A7-blokkearders is de ynsammelaksje om de proseskosten te dekken. Ik besau my deroer dat der yn sa’n koarte tiid safolle jild byinoar brocht wurdt foar dy relskoppers.

Der wurdt troch de blokkearders dien as soene se út namme fan de Friezen, wat dat dan ek mar binne, sprekke. Swaaie mei Fryske flaggen en sjonge fan it Frysk-bloed-tsjoch-op moat dy gedachte fersterkje. Binne de ynwenners fan Fryslân dêr wol sa wiis mei? Ik ha in hekel oan dat dogmatyske gerop oer de Fryske identiteit en tradysjes. Krekt yn it wykein dêr’t yn stilstien wurdt by de ferskrikkingen fan de Earste Wrâldoarloch, ûntstien út nasjonalistysk fanatisme, begryp ik net dat der sa op ’e tromme fan Fryslân-first slein wurde moat. Dat guon blokkearders har as FNP’er foardogge leit in blaam op de partij. Wannear nimt de partij dêr ôfstân fan?

De Jongfryske Mienskip skynt ek net folle leard te hawwen fan de útgliders fan syn grutte foarman Douwe Kalma. “As kulturele feriening fan Fryske nasjonalisten” ferklearje se har solidêr “mei dizze moedige folksgenoaten”, dêr’t se de blokkearders mei bedoele. Foarsitter Groenhof fan dy klup hellet sels it Ramtferdracht foar de Beskerming fan Nasjonale minderheden oan om te pleitsjen foar it behâld fan in swarte Pyt. Yn it foarbygean skoot er boargemaster Waanders yn ’e skuon dat dy de demonstearders tsjin Swarte Pyt útnûge hawwe soe. En dat allegearre ûnder it kopke ‘Swarte Pyt in bernerjocht’. As soe it bern wat útmeitsje oft dy feint fan Sinteklaas wyt of swart is. Oan bern is maklik út te lizzen dat de âldman der in pear nije (wite) feinten by nommen hat, omdat troch de grutte drokte de oaren it wurk net mear oankoene. De bern wurde mei dat hiele feest dochs al foar de gek holden. Bern sille der samar oan wend wêze dat de feinten fan Sinteklaas like kleurryk binne as de Nederlânske befolking.

Tradysjes binne net hillich. It narjen en tamtearjen fan bollen yn Spanje, it saneamde “stierenvechten” of it besnijen fan froulju yn parten fan de wrâld, kinne har op it stimpeltsje tradysjes beroppe, mar binne der likefolle omstriden om. It hat lang tradysje west dat froulju gjin stimrjocht hiene, gjin amtlike funksjes yn tsjerke hiene of ûntslein wurde moasten as se trouden. Homo’s en lesbiennes dy’t bûtensletten waarden en nei de psychiater stjoerd waarden. Tradysjes dêr’t wy gelokkich al lang lyn ôfstân fan nommen ha. It binne foarbylden fan emansipaasjebewegingen. Dat jildt ek foar de argewaasje oer de opferve Swarte Piten. Hoe faak hearre je guon praten oer “dy swarten” as se yn feite bedoele: lju dy’t minderweardich binne oan my. Ien van Forum voor Democratie skrillet der net foar werom om minsken mei in donkere hûdskleur as dommer te fersliten as wite minsken. Krekt dat soarte minsken fan FvD en PVV wurde as miggen op ’e stront oanlutsen nei it Saailân as ús (?) tradysjes yn gefaar komme. Dat Swarte Pyt yn dy tradysje as slaafke kocht is troch Sinteklaas dogge se ôf as geseur. Spitich dat der safolle ynwenners fan Fryslân har op dy wize opsmite as ferdigeners fan in tradysje dêr’t wol wat op oan te merken is. Ik wol dêr net by hearre.

 

novimber 13, 2018 08:46
Skriuw in reaksje

65 opmerkingen

  1. Eric novimber 13, 11:01

    Dit stik kin gjin kant út. Wa ferliket oarstinkers no mei ‘miggen op ‘e stront’? Dan ferlieze jo de minsklike kant wol op nuodlike wize út it each, krekt no’t wy de wrâldoarloch betocht hawwe. Doe waarden minsken ek sjoen as ‘miggen op ‘e stront’.

  2. Cornelis van der Wal novimber 13, 11:26

    Van der Bij kin better mei de Rânestêd ferhúzje mei syn links-aktivistysk praat.

  3. Cornelis van der Wal novimber 13, 11:35

    Mei = nei

  4. Abe novimber 13, 12:07

    Einlings in ferstannich lûd. Tige, Van der Bij. Nuver dat harsels ‘Friezen’ neamende lju sa fanatyk binne yn it sinjalearjen fan achterstelling as it har eigen hilige húskes oanbelanget, en sa blyn foar de ynstitúsjonalisearre diskriminaasje fan oaren. Sa’t ik alris skreaun ha: krekt ‘Friezen’ soene begryp hawwe moatte foar groepen dêr’t ieuwenlang oerhinne wâde is. Mar spitigernôch komt it nivo fan in protte reaksjes fan saneamde ‘Friezen’ dy’t har yn de media oer Swarte Pyt uterje net boppe dat fan boppesteande yntolerante hertegjalp fan Cornelis van der Wal út. Sokke ‘Friezen’ binne yn myn eagen neat oars as PVV’ers op pompeblêdklompen. En yndie: sil de FNP no hast ris kleur bekenne – of dwaan wat de partij al fierstente lang docht, dûke en himsels de bek bine?

  5. Kerst Huisman novimber 13, 12:15

    Dit stik fan Jabik is hielendal gjin links-aktivistysk praat, Cornelis van der Wal. Mar dat efkes fansiden. Sa´t ik op Faceboek al wiidweidich beargumintearre haw, is de yn Ljouwert fierde rjochtsaak in polityk proses. Justysje hat hjir útdruklik de skieding fan de trije machten op de tocht setten, en dêrmei de begjinsels fan de rjochtsteat, en dus de demokraty. Dat makket it stik fan Jabik van der Bij ta in de demokraty ûnderstek dwaande opstiging. Jabik van der Bij stelt dan ek net de goede fraach. Dy moat wêze: Wa wol der no noch by Jabik hearre?

  6. Cornelis van der Wal novimber 13, 12:20

    Ja, dêr hawwe jo it al. Wa’t it net mei dy aktivistyske kliber iens is moat hast wol in PVV’er wêze. Ik haw meilijen mei sok folk, dat harren ideeën by DWDD weihat, sels net tinke kin.

  7. Abe novimber 13, 12:43

    Ek fernimme je neat fan LF2018 op dit stik fan saken. Wol toanielstikken sponserje dy’t ymplisearje dat it doarpsfolk noch wat by de tiid brocht wurde moat, kwa ‘iepen mienskip’, mar as der ris in kâns is om wat sinnichs te dwaan oan de heechnedige folksûntwikkeling te uzes binne se net thús, of krekt ûnderweis nei Malta, of se lizze yn ‘e sleatswâl skriezen te tellen. Dat is allegear ek belangryk mar tagelyk o sa braaf en risikoleas. Lykas de FNP dat is, dy’t it op papier hat oer Fryske ministearjes en autonomy mar fjirtich jier lang net in skeet litten hat oer de trochgeande taalferneatiging yn it ûnderwiis. Frysk-nasjonaal foar de bühne, slij op it plúsj yn werklikheid,

  8. Cornelis van der Wal novimber 13, 12:54

    Op sok nivo bewege Abe en Jabik harren tsjintwurdich: Tweet fan hjoed fan Michael van Zeijl, ien fan de foaroanmannen fan de Anty Swarte Pyt-beweging. Earder woe er Sinteklaas al deasjitte.

    ‘Onderweg naar Haarlem om Zwarte Pet te euthaniseren. Voor alle #blokkeerfriezen: jullie moeten voor de trein van Utrecht naar Haarlem op het spoor gaan staan. Ik zal zwaaien!’

  9. Erwin2.0 novimber 13, 13:04

    Jabik:

    Groenhof is gjin foarsitter fan de Jongfryske Mienskip.

    Gjin sitaattekens brûke asto net sitearrest. Dat mei ”moedige folksgenoaten” hat noait in statement fan de Jongfryske Mienskip west.

    Swarte Pyt komt fan in heidenske foar-kristlike tradysje. It hat dus neat mei in omstriden tradysje út te stean.

    (spylje arguminten trouwens wol in rol by Jabik v/d Bij, of hat hear v/d Bij sawiesa syn oardiel fierstente fluch klear?)

  10. Marten1998 novimber 13, 13:16

    Jezus, is disse man dement of sa?

  11. Rob novimber 13, 13:27

    Ik kin net wachtsje oant it 7 desimber is. Dan hawwe we 300 dagen rêst. Dizze diskusje wurdt elts jier hurder. In lytse minderheid dy’t yn’e grutte stêden al har sin trochtriuwd hat giet no als evangelisten troch it lân om it oeral op te dringen.

  12. Kerst Huisman novimber 13, 13:35

    Der spylje hiel wat misferstannen mei. Derom efkes in part fan in stik dat ik yn it Hollansk op Faceboek setten haw: Het demonstratierecht is HELEMAAL NIET heilig en onaantastbaar. Dat weet ik mogelijk als geen ander, omdat ik gedurende mijn leven meegedaan heb met tal van demonstraties, van ban de bom tot en met kruisraketten en vakbeweging en ook zelf demonstraties heb georganiseerd: eerder ook, maar recent nog een solidariteitstocht met de door de gaswinning getroffen Groningers en een optocht voor een veel beter gebruik van de Friese taal in het onderwijs in Friesland. Wat er inzake ‘Dokkum’ aan mankeert is dat een overheid zich ten aanzien van het demonstratieverschijnsel ALTIJD neutraal hoort op te stellen. Dat is ten aanzien van de KOZP-demo in Dokkum niet gebeurd. Ondanks het feit dat KOZP al verantwoordelijk gesteld kon worden voor nogal wat rotzooi bij eerdere landelijke Sinterklaasintochten, zocht burgemeester Marga Waanders zelf contact met Jerry Afriye en zijn club en nodigde hen uit, in Dokkum te komen demonstreren. Ze wilden geloof ik eerst niet eens, maar kwamen dan toch. Met het bekende gevolg. Ik zie daarom die door de A7-blokkeerders veroorzaakte vertraging dan ook vooral als een poging, burgemeester Waanders bij de les te houden. De overheid is namelijk niet onfeilbaar, en mag door ons best aan de jas worden getrokken. Ten tweede: een overheid kan ALTIJD ook een demonstratie verbieden, en dat is precies in Dokkum ook gebeurd. Namelijk omdat loco-burgemeester Pytsje de Graaf vreesde voor grote ellende tijdens de Sinterklaasintocht. En terecht denk ik. Zij verbood verdere demonstraties. Overigens: steeds wordt vergeten dat KOZP korte tijd na die Sinterklaasintocht rustig en ongestoord in Dokkum heeft kunnen demonstreren. Er is zelfs van tevoren door mensen uit de kring van Jenny Douwes nog een leuk youtube-filmpje gemaakt, waarin ze op vriendelijke wijze duidelijk hebben gemaakt, dat ze die KOZP-demo geen strobreed in de weg zouden leggen, maar dat ze zich hadden verzet tegen de komst van de club tijdens een kinderfeest. Hoe lief kun je het hebben?

  13. Abe novimber 13, 13:39

    In PVV’er op pompeblêdklompen – dit efkes foar Van der Wal – 1) wol dat minsken opdonderje dy’t it net mei him iens binne (type Van der Wal)(; 2) neamt minsken dy’t it net mei him iens binne demint (type Marten 1998); 3) docht krekt as is er ‘echt’ links (type Huisman), en 4) hat op skoalle net leard Frysk te skriuwen mar is ek net fan doel om him dêr yn te ferdjipjen (type Marten1998). Hy ûnderskiedt him dus op de punten 1, 2 en 3 net fan syn kollega’s sûnder bedoelde klompen. Nim my net kwea ôf, ik neam it bist mar by de namme. Fraach bliuwt stean: wat seit de FNP?

  14. Berrie novimber 13, 14:09

    Alwer in ‘verwarde’ âlde man , krekt as dy Abe de Vries.

  15. Johannes novimber 13, 14:19

    Berrie: it is `yn ´e war wêze`. Sa âld is de jongeman Abe noch net! Hy seit in hiel soad wize wurden, ek sa as Jabik van der Bij, Kerst Huisman en Cornelis van der Wal. Mei niget lês ik harren petearen en antwurden.

  16. Berrie novimber 13, 14:24

    Johannes, lês de ynhâldlike en ferifiearbere reaksjes. Jabik v/d Bij skriuwt echt de grutste ûnsin yn dit stik, de redaksje hie de âldman tsjin himsels beskermje moatten.

  17. Binne novimber 13, 14:25

    Dan wolst der mar net by hearre,
    Lykwols alle minsken mei wa’t ik praat, yn Fryslân en dêrbûten steane fûl efter dizze aksje.

    Jo binne yn myn eagen de definysje fan in jittikmiiger.

  18. Abe novimber 13, 14:28

    En wat is it tryst dat Huisman, oait in ferneamd sjoernalist, tsjintwurdich der foar kiest om de sprekbuis te wêzen fan The Post Offline en GeenStijl en mei in stielen gesicht de leagens werhellet dy’t op dy rioelsites útsutele wurde. Dat alles fansels yn de hope om it ivich lilke rjochtse fuotfolk te winnen foar syn Frysk-nasjonale of noardlik-autonome of yn it algemien anty-Haachske fiersichten – ek de wierheid fertraapje is dan blykber tastien, nee, it is in betingst. En soks docht er dan, ek opfallend, yn Nederlânsktalige Fb-stikjes. Dat komt sa, de doelgroep is neffens eigen fielen tige ‘Frysk’ mar lêst de memmetaal leaver net, dat as populist moatte je ek in bytsje praktysk wêze. Ik bin it ek wolris net iens mei Van der Bij, mar yn dit gefal o sa. Ik wol likegoed by sa’n soadsje net hearre, en ek net by in partij dy’t dêr gjin ôfstân fan nimt.

  19. Greate Pier of Pyt of whatever novimber 13, 15:10

    Jabik vd Bij, dêr wol je je doch net mear ‘bij’ jaan?
    Ea in man fan kwisekwânsje, in autoriteit mar no net mear dan in ferbitterde, wrâldfrjemde stikjesskriuwer fan it nivo Abe Vries.
    Jabik slagget der net mear yn om de feiten rjocht te hawwen. Groenhof foarsitter? Sitaten dy’t net wier binne en JFM kulturiele feriening fan nasjonalisten? Jabik wêr wiedesto ea foarsitter fan… De ubernasjonalisten? Wat in framing en wat in skriemerich stikje. Skrieme om oandacht.

    It Nijs soe der hiel ferstânnich oan dwaan om dizze man tsjin himsels yn beskerming te nimmen. Lit him syn stikjes mar oanleverje mar publisearje net. Dit docht it nivo fan It Nijs net goed en Jabik wit net (mear) better.

  20. Kerst Huisman novimber 13, 15:59

    Abe de Vries is hjir, dêr’t er it oer my hat, oan it ligen. Hy wit hielendal net wat ik krekt skreaun haw – hat er net lêzen -, en wêr’t ik myn kennisse wei haw, mar daveret der mar op los. Mar foar in (âld?)- spion fan de NAVO (en dus fan NSA, CIA, MI6 en AIVD) wie (is) sok fersprieden fan fake-ferhalen fansels deistich wurk.

  21. Abe novimber 13, 15:59

    Sa uterje har de sympatisanten fan de blokkearlju: oarstinkenden moatte oprotte nei de Rânestêd, hawwe opstigings, prate DWDD nei, kinne sels net tinke, binne demint, sin-trochdriuwers, betize, âld, jittikmigers en moatte no sels in publikaasjeferbod krije. En as se, ik bedoel de boppeneamde sympatisanten fansels, al in kear argumintearje wolle, blike se rioelsites nei te praten. Oan de ûnberonge uteringen – it regionale ekwivalint fan “ik zeg wat ik denk” – kin men wol sa’n bytsje ôflêze mei watfoar folk men te krijen hat en út hokker hoeke de wyn waait, is ‘t net sa?

  22. Dinie novimber 13, 16:57

    It fernúveret my altyd wer dat ‘wannabe’ progressiven nea oer hun dédain foar it gewoane folk hinne komme. ‘Dêr wolle jo dochs net by hearre’ en daliks mei it beskuldigjend fingerke de pvv der by helje. Yn feite bin it just dizze types dy’t net mei de tiid mei gean en earne yn hingjen bliuwe: eins in konservative elite, dy’t yn har eigen laach libbet dat delsjucht op (blokkear)Wâldpiken. Nee, sels neitinke is beheind ta de grinzen fan it goedminsk imago.

  23. Rednas novimber 13, 17:03

    Bêste Abe en Jabik
    Troch minsken sa as jimme sitte wy Friezen noch immen yn de lytse loege en suchte bytiden ûnder it Hollânsk juk as it om ús taal striid en beperkte autonomy giet..
    Ynstee fan tegearre de skouder mei ús der ûnder te setten hawwe jimme keasen foar de twa-spalt omsels sjen te litten hoe goed as jim wol net binne, jimme swolchje yn jimme eigen polytike korektheid..Jimme wentelje en draaie yn jimme eigen fersonnen wrâld fier bûten de realiteit om As jo net sjen kinne dat dizze útspraak der swier by troch (ekstra swier om’t wy Friezen binne) is binne jo blyn.Krekt as guon minsken dat yn ‘e twadde wrâld oarloch wienen en dan ha ik it net oer Douwe Kalma. Haw it al earder sein jimme binne it oanlit fan jim heit ferjitten en dit stik is der fier by troch.
    Skamje jimme djip!!!

  24. Abe novimber 13, 17:53

    Bêste Rednas, jo meitsje in bekende flater. Der bestiet net sokssawat as ,,wy Friezen”. Der binne minsken dy’t har om de ien of de oare reden mear of minder Frysk fiele en foar elk betsjut dat fielen wer wat oars. Dy ferskillen te ûntkennen en alles ûnder ien nasjonalistysk petsje beflappe te wollen, is al de makke fan de kultuer yn dizze provinsje sûnt pak ‘m beet 1880. Mar ik ha neat mei jim reaksjonêre nasjonalisme, sjuch? Ik ha al wat mei myn taal, dêr’t jim wer neat mei hawwe. En al haw ik gjin dochter dy’t – sa lês ik hjir – op Turkse pimels sit, ik haw al soannen dy’t earne oars yn ‘e wrâld wenje en har deaskamje soenen as ik myn skouder tegearre mei dines earne ûnder sette soe. En no hâld ik op mei dizze amusante skriuwerij. Betterskip tawinske, de measten hjir.

  25. Dinie novimber 13, 18:51

    Do ek Abe. En gjin soarchen, wy ha it net nedich 😀

  26. No sa novimber 13, 19:45

    Stik is echt om raar guod fan te spuien. Net allinnich de ûnwierheden, ek de toan.

  27. Winston novimber 13, 23:54

    Churchill hat ris opmurken: “Asto jong bist en net lofts dan hasto gjin hert; asto âld bist en net rjochts dan hasto gjin harsens”.

  28. Cor Jousma novimber 14, 11:11

    Bêste fûlekanen,

    It wachtsjen is op de earste slachtoffers. Litte wy hoopje dat dat gjin bern binne. By it fuotbal wurde guon wedstriden sûnder oanhing spile. Ik tink dat frou Douwes in punt hat. Under de yntochten gjin gerop of geraas fan foar- of tsjinstanners.

  29. jangerben novimber 14, 11:18

    Nuver fan fan der BIj,Gjin wurd oer de bedoeling fan de demonstranten út it westen dy’t úteinlik it bernefeest yn Dokkum fersteure woene.Jo kinne der bliiid om wêze dat se net yn Dokkum kaam binne want dan wie it grif út de hân rûn.Jr kinne solsoarte fan folk fergelykje mei sindelingen dy’t hjir yn Fryslân wol efkes de tsjinst út meitsje sille.En dan de arrogânsje fan harren dat de blokkeerders mar in kursus folgje moatte,De Tv en oare sjoernalisten wiene fernuvere dat er Frysk yn de rjochtseal sprutsen waard.Nea fan Fedde Schurer heard.Op skoallen ha se it der net mear oer dat Frysk de twadde rykstaal is seker.

  30. Abe novimber 14, 12:08

    Jousma, sille wy it regeljen fan it demonstraasjerjocht mar oerlitte oan de boargemaster en de plysje? Of woene jo de wet mar tapasse sa’t jo pet stiett? En jangerben, wêr woene jo it no krekt oer hawwe mei jo ,,hjir yn Fryslân”, dêr’t de tsjinst al sûnt 1919 útmakke wurdt troch it hiele Nederlânske kiezersfolk m/f dêr’t jo sels ek ta rekkene wurde? Hâld ris op mei jim snústerige besykjen om Fryslân te ynfektearjen mei ûnderbúknasjonalisme fia streekrjocht ûnfryske pleiten foar diskriminaasje. Dy’t nei boppe ta sjerpstrike en nei ûnder ta traapje sille gjin hûs hawwe yn it bêste lân fan ierde.

  31. Cor Jousma novimber 14, 12:37

    Om yn de diskusje oer de kleur (swart is it ûntbrekken fan alle kleur) fan de feint fan Sinteklaas noch mei in oandachtspunt te kommen, freget moed. En dochs wol ik it hjir besykje.
    • As ik my goed ferdjippe haw yn it ûntstean fan it Sinteklaasfeest, dan is it gebrûk fan de swarte kleur al ûntstien fier foar it ûntstean fan de feint fan Sinteklaas yn it mearke fan Jan Schenkman om 1850 hinne.
    • As skriuwer wie er grif bekend mei de besteande Europeeske Sinteklaasbylden fan ljocht en tsjuster – sis mar it deaderyk – dat ferbylde waard troch persoanen dy’t mei roet harren uterlik swart makke hiene. Yn syn mearke hat er dêrfoar it byld fan de biskop en in moar brûkt, dy’t beide yn Spanje te situearjen wiene.
    • Fan Schenkman is oant hjoed-de-dei ta nea oantoand dat hy rasistysk of foarstanner fan de slavernij wie. Soks yn tsjinstelling fan bygelyks Maarten Luther en Rudolf Steiner dêr’t yn skreaune boarnen wol it ien en oar oer te finen is.
    • Sterker noch Schenkman wie in foaroanman fan ’t Nut dat him nei de ôfskaffing fan de slavernij binnen Nederlân ek ynsette foar de ôfskaffing fan dy yn Suriname.
    • Soe de man yn dat fermidden no echt de hannen opinoar krige hawwe om op ‘e nij in slaaf yn syn mearke te yntrodusearjen?
    Wat tinkt jimme no sels?

    Dêrfandinne sil dus ien fan twaen swart bliuwe moatte – der wiene binnen Europa ek wol swarte Sinteklazen – en net ferfongen wurde kinne troch hokker klowneske kleur of reinbôge dan ek.

  32. jangerben novimber 14, 13:00

    Abe, jo , foarby oan dy sindelingen, dy ha wy net koazen.Ik tink net dat jo begripe wat ik bedoel.

  33. jangerben novimber 14, 13:01

    Abe Geane

  34. Jehannes Elzinga novimber 14, 13:54

    Meast bin’k it tige iens mei Jabik, mar no folslein net.
    Wy hawwe yn Fryslân gjin ferlet fan Rânestêd figueren dy’t ús wol efkes leare sille hoe’t wy ús hâlde en drage moatte!
    Swarte Pyt hat neffens my neat te krijen mei slavernij, en as men dat dochs sa sjen wol seit dit mear oer dy lju sels as oan de lju dy’t swarte Pyt hâlde wolle.

    Ik ried Jabik oan de Ljouwerter Krante fan nhjoed jitris te lêzen, dan kin hy op side 9 sjen hokker lju belutsen binne by de anty-Pyt aktivisten. Ik kin my net foarstelle dat Jabik him dêta oanlutsen fielt!

  35. Jehannes Elzinga novimber 14, 14:01

    In reaksje op Cor Jousma. Hy hat helendal gelyk wat wite en swarte Sinteklazen oanbelanget.
    Ferline jier wiene wy yn Bari, Itaalje, wêr’t de âlde bisskop begroeven is. Yn de St. Nicolaastjerke dêr stiet in byld fan de hillichman, en dat is swart!

  36. Jan Lautenbach novimber 14, 18:32

    Fan 1974 oant en mei 2008 haw ik aktyf west yn de FNP. Ik ken Jabik vd Bij dus wol in bytsje. Spitigernôch is de FNP fan in partij foar Fryslân en de Friezen feroare yn in grienlinkse, multykulturele partij foar bûtenlanners. Ik haw mear fertrouwen yn Martin Bosma, Fleur Agema, Hiddema en de blokkearfriezen as yn de slappe skonken fan Jabik en Jehannes. Mei tank oan Pim, dy’t mei de eagen iepene hat foar de tekoartkommings fan de FNP. Ta beslút: elk dy’t net ûnder eigen namme foar syn miening útkomme doar, fyn ik gjin knip foar de noas wurdich en ik sil ek net op harren reägearje.

  37. Nanne Hoekstra novimber 15, 11:00

    Yn in bydrage fan my fan ferline jier hâld ik út dat de heksejacht op Swarte Pyt de minsken nei populistyske partijen driuwt. Sjoch: https://www.itnijs.frl/2017/12/it-underlizzend-lijen-by-de-reboelje-om-swarte-pyt/
    De reaksje fan Lautenbach lit sjen dat soks yndied bart.

    Piten dy’t der út sjogge as koalestokers, en sadwaande reklame meitsje foar fossile brânje, dat raast fansels hielendal oan de protters yn dizze tiid dat we mei duorsume enerjzy de klimaatferoaring opkeare moatte (oars in ûnderwerp dêr’t we ús better drok om meitsje kinne). Dêr’t ik mar mei sizze wol dat in kompromis oer it uterlik fan Pyt net mooglik is. Der is ommers altyd wol ien earne op tsjin. Dus moai swart litte. Hoe bestiet it dat minsken it allinnichrjocht op dy kleur opeaskje doare.

    Wat dy dykblokkearring oanbelanget, fyn ik it apart dat dy sa heech opnommen wurdt troch it iepenbier ministearje en de rjochter. As ik sa stom wêze soe om de auto nei it wurk te pakken, soe ik alle dagen yn de file stean. Lykwols stean ik op de frjemdste tiden noch stil. Wa kin ik dêr foar oankleie?

  38. Abe novimber 15, 11:46

    No wit ik wol dat de reaguurders op dizze site net foaroan stien hawwe doe’t it ynlibbingsfermogen yn oare minsken útdield waard, mar dat it sa slim wie, nee, dêr hie ik gjin idee fan. Friezen binne net inkeld prûmkjende domme boerkes mei kluten ûnder de neilen, kowestront oan ‘e klompen en in spraakgebrek. Der is noch wat oars mis mei, tsjintwurdich.

  39. Rob novimber 15, 12:37

    Abe, it ynlibbingsfermogen fan in protte tsjinstanners lit oars ek te winsken oer. Om bgl. krekt op in bernfeest te protestearjen fyn ik alteast net empatysk ynjoen. Soene sy it sels akseptearje as Stormfront by de Keti Kotibetinking mei protestearje? Dat SP feroaret is op himsels net slim, de wize hoe’t dat bart en ûnder hokker druk wol. Hieltyd hearre datsto in rasist bist wurket op my net mear. Dat wurd hat foar my hast gjin betsutting mear. As ik per ûngelok ris it wurd neger brûk, wat ik dan wol neutraal bedoel, wurdt ik oansjoen as ben ik in nazi. Wurd ik útmakke foar k★★★★rhollander of kaaskop, wat meardere kearen bard is dit jier, dan moat ik it sjen as frustraasje fan ien dy’t achtersteld is en gewurde litte. Hâlden Friezen it ferkear tsjin om reboelje foar te kommen krije se taakstraffen. Dogge Turken yn Amsterdam dat om te fieren dat der yn Erdostan in diktator herkozen is dan bart der neat. Dan meie se ek noch oeren toeterje ek en stiet de plysje der allinich nei te sjen. Eltse kritiek fan blanke kant is in deasûnde. In heksejacht op elts dy’t ek mar eat âfwykt fan it PK-tinken. Dêrom rinne minsken nei FvD en PVV. Oare partijen doarje gjin krityk te jaan, de befolking sels noch wol.

  40. jangerben novimber 15, 18:09

    Dus Abe do fielst dy ferheven en stekst boppe de mjitte út mei dyn miening dat Friezen prûmkjende boeren binne mei in spraakgebrek.Allinne omt hja oars tinke as dy.Sa asto sels mienst hasto de wiishyd yn pacht.Mar troch sok praat is er in moaie sizwize, ‘De woskene baarch giet werom nei it slyk.”

  41. Abe novimber 15, 19:09

    Ik tink net dat ik dy rigel sa bedoel, Jangerben. Dy rigel lit sjen mei watfoar misledigjende en diskriminatware klisjeebylden Friezen gauris te krijen hiene (hawwe?) as se yn in omjouwing ferskine dy’t like ûnferdraachsum is as ús Swartepytlovers.Spitich datst de bedoeling net werkenst, of dom fan my dat ik net dúdliker bin.

  42. Kening Redbad novimber 15, 19:58

    Moai dat van der Bij net by us hearre wol. Wy wolle ek net by minsken hearre dy’t terroristen út de Rânestêd heger oanslagge as har eigen folk…

  43. jangerben novimber 16, 00:44

    Goed sein Kening Redbad

  44. jangerben novimber 16, 19:33

    Meijerink (40) heeft samen met drie anderen van de rechter een gebiedsverbod gekregen voor Zaanstad op zaterdag. Meijerink is een van de bestuursleden van Majority Perspective, de stichting die deze week tevergeefs een verbod op de intocht in Zaanstad voor de rechtbank bepleitte.
    Meijerink is overgebracht naar een politiebureau en zit vast. Hij heeft zelf eerder deze week ook aangifte gedaan van bedreiging(en) op sociale media. De politie onderzoekt die bedreigingen.
    Dit soart folk heult Jabik mei.

  45. Abe novimber 17, 11:18

    Efkes in stikje út de kollum fan fierrewei de bêste politike kollumskriuwer fan Fryslân, Sytze Faber, fansels yn it Friesch Dagblad: ,,In navolging van premier Rutte doken bij de Zwarte Piet-discussie vrijwel alle politici weg. Niemand had het lef erop te wijzen dat in een democratie rekening gehouden moet worden met gevoelens van andersdenkenden. In dit geval die van zwarte medelanders. Nee, de politici predikten dat dit een klusje was voor de samenleving. Het ontbreken van politiek leiderschap is een belangrijke oorzaak van de ontstane polarisatie en ontsporingen.”

    Sjoch de reaksjes op de kollum fan Jabik van der Bij op ItNijs.frl. De radical fringe fan de Fryske klompepatrûlje giet hielendal los, de dochter fan Van der Bij sil wol op in Turkse pimel sitte, mar net in politikus fan de FNP (noch oare kopstikken út it politike of kulturele fjild) meldt him mei in praatsje.

    Noch in stikje fan Faber, selde kollum: ,,Het motto van de partijleiders is vooral: ‘Ik ben hun leider, ik moet hen volgen’. Centraal staat het willen behagen van de eigen achterban en het voorkomen dat de vingers zich ergens aan branden. Met een variatie op het Bijbelboek Spreuken: waar politieke moed ontbreekt, verwildert het volk, vervalt het in bandeloosheid.” (Aardich grapke, ‘verwildert’.)

  46. Abe novimber 17, 16:08

    Wat in moaie bylden fan de fleur fan de Frysk nazy op it Saailân hjoed!

  47. Johannes novimber 17, 19:25

    Abe, no giest wol in bytsje te fier mei dyn fergeliking fan in groep minsken as tsjinstanners fan de KOZP aktivisten. In hiel protte minsken fergelykje, wat harren net útkomt. mei “Nazy”s”. It hat neat te krijen mei 2e wrâldkriich Dútske organisaasje, dat wie folle slimmer. Doe foelen er deaden, By dizze aksjes is net ien dea fallen.
    It binne faak minsken dy ‘t gjin histoarysk witten hawwe en foar in “Swarte Pyt” opkomme wêr wol wat fan te sizzen is. Stadichoan sil de rol fan swarte pyt feroarje yn oare útsjende “helpers” fan Sinteklaas. Hoe dat wurde sil hat tiid nedich. De iene wol it rap feroarje, in oar wol it hâlde sa as it in goeie 150 jier wie.
    Wy giene eartiids op 1 jannewaris by de doarren lâns om nijjier te winskje en krigen sinten, it is wei wurden. No hawwe de bern 11 septimber en gean by de doarren lâns en krije snobbersguod. Tiden hawwe tiden en it feroaret allegearre.
    Mar sa’n fergeliking nea wer dwaan en ek net skelle mei “radical fringe fan de Fryske klompepatrûlje”! Hâld allegearre de diskusje aardich en kritysk.
    En do hast gelyk, Sytze Faber is in betûfte Kollum-skriuwer, ik mei wol oer syn stikken, foaral yn ‘t Frysk.

  48. Abe novimber 17, 22:46

    Johannes, do silst ek wol hiel bliid wêze dat der alteast gjin Fryske flagge by te sjen wie. Ik ek. Mar it binne de bananen dy’t my op it spoar sette, en dy’t ik weromlês op samar in goedbedoelende Fryske site – al dy koarte wurdsjes dy’t deryn hammere wurde, dêr it lêste wurd alle kearen wer mei sein is, dy’t in ienfoarmichheid hawwe dy’t weromkomt yn de grize en griene unifoarmen op de treppen fan in rjochtsgebou. De uniforme mearderheid dy’t in ferskessjongende minderheid wol efkes nei de strôt sil. Briljant betocht fan KOZP mar ek in sinjaal. Yn Ljouwert, op it Saailân, yn 2018.

  49. Johannes novimber 18, 12:01

    Abe, no asto dat skriuwst, gjin Fryske flagge te sjen. Meastens hawwe se thus gjin Fryske mar in Nederlânske. Ik sjoch net nei klean, elkenien moat harren klaaie sa ‘t sy sels wolle. Grys en grien binne kamouflagekleuren, dan falle je net sa goed op by striid. De kozp hawwe mei harren útspraak “Swarte Piet is rasisme” de diskusje fûl makke en dêr komt in fûle reaksje op. Yn elts gefal hat de sjongende kozp mei sjongen myn stipe. Mar de 34 Friezen moatte frij sprutsen wurde en wol de skea fergoedsje. Sy binne sa folle yn ‘t nijs west en dermei al foldwaande straffe.

  50. Abe novimber 18, 13:12

    “Iedereen heeft recht op vrije meningsuiting”, stelt [minister] Grapperhaus, die niet wil dat er niet meer gedemonstreerd wordt. “Als je dat op een normale manier doet, mag je dat ook op die dag doen. Tegen wangedrag treedt de politie op.”
    Under ‘wangedrag’ falt ek it blokkearjen fan sneldiken om foar te kommen dat oaren earne demonstrearje. Ik sjoch net wêrom’t dy blokkearders frijsprutsen wurde moatte. Ik sjoch ek net wêrom’t jan en alleman it mar hieltyd hat oer ‘blokkearfriezen’. Of sels mar oer ‘Friezen’. Der is ommers neat Frysks oan sok pro-swartepytaktivisme, it ferskynsel komt likegoed foar yn Eindhoven, De Haach, Saandam, ensafh. dus ek yn plakken bûten Fryslân dêr’t justysje yngrypt. Ik hâld út dat KOZP in stik ‘Frysker’ is as de blokkearminsken en it soe nei myn beskieden miening de FNP siere om dêr ris publyklik op te reflektearjen.

  51. Rob novimber 18, 19:30

    “Wangedrag” is libben meitsje om 8 acht op 4 mei. “Wangedrag” is libben meitsje by de Keti Kotibetinking. “Wangedrag” is om als homo-aktivist ‘n tsjerkelike begraffenis te crashen mei slogans as “kristendom is diskrimininaasje”. En “wangedrag” is ek in bernfeest crashe mei “Zwarte Piet is racisme”. Myn begrip is folslein weiraand foar dizze ultra-polityk korrekte radikalen. It wurket eins, en dat docht my pine om ta te sizzen, folslein de oare kant op….. Angry white old male wurde wurdt wol tige maklik sa….. En dan foldoch ik net iens oan alle termen.

  52. Piter novimber 18, 20:54

    Earst beweart dizze “Abe” dat foar Swarte Pyt wêze net Frysk is, en dan sist er dat kozp “Frysker” is. Dat hjit polityk korrupt (is in pleonasme).

  53. Skarlun novimber 18, 21:07

    Abe moat him by syn skriuwery foar it Frysk deiblêd hâlde.Dy skriuwry hjirre dogge mear kwea dan goed foar syn imago.

  54. Erwin2.0 novimber 19, 08:03

    De terroristen fan KOZP binne de nazy’s fan ús tiid. Abe de Vries en Jabik van der Bij binne de helperkes en sitte graach mei it OM en KOZP yn de ivoaren toer. Dat sy har brûke litte foar sokke oangelegenheden, is my in riedsel.

    Sinteklaas en Swarte Pyt komme fuort út it heidendom, de foar-kristlike tradysje fan dizze streek. Minsken dy’t oars beweare, binne nep-yntellektuelen.

    Trochdat Abe en Jabik harsels as lytse helperkes én as sabeare yntellektuelen delsette, binne it eins neat oars as hiele domme jonkjes.

  55. Abe novimber 19, 12:05

    Jesse Klaver, juster op Facebook:

    Ik ben eerlijk tegen jullie als ik zeg dat ik dit een hele moeilijke discussie vind. Een discussie zonder winnaars bovendien. De Zwarte Pieten-discussie verdeelt ons, alle Nederlanders. En deze verdeeldheid werd verschrikkelijk duidelijk dit weekend.

    Zaterdag was ik met mijn kinderen naar de intocht en kon ik genieten van het Sinterklaasfeest. Tegelijkertijd waren de berichten die ik binnenkreeg onwerkelijk.

    Want wat ik dit weekend heb gezien, is volslagen belachelijk.

    Vreedzame demonstranten die door hooligans werden geïntimideerd, racistisch bejegend, bekogeld en zelfs aangevallen. Op sommige plekken moesten demonstranten zelfs schuilen in een politiebureau. Op andere plekken kon de politie de veiligheid niet garanderen en mocht er niet worden gedemonstreerd.

    De discussie woedt verder op Twitter en Facebook:

    “Jullie hebben hier niets te zoeken, ga terug naar je eigen land”
    “Jij hoort thuis in een verblijf in Kenia”
    “N**** zijn gwn onzekere gefrustreerde mongolen”

    Dit gaat veel verder dan de Zwarte Piet-discussie, dit gaat over onversneden racisme in onze samenleving. En nee, dit betekent niet dat als je Sinterklaas viert, dat je een racist bent. Absoluut niet zelfs.

    Ik ben, net als jullie allemaal, opgegroeid met Sinterklaas en Zwarte Piet. Nooit iets achter gezocht, nooit iets verkeerds mee bedoeld. Maar een paar jaar terug was ik op huiskamerbezoek in Amsterdam. Die avond werd mij helder dat het niet zozeer gaat om wat ik er mee bedoelde, maar om hoe het overkomt. Waar het stereotype vandaan komt.

    Wij hebben als land een jarenlange Sinterklaastraditie, een traditie die zich elke generatie weer aanpast, maar waar het feest blijft bestaan. We hebben wel een andere traditie die onder druk staat. De Nederlandse traditie van openheid en tolerantie. Van gelijkheid en vrijheid van meningsuiting. Want met dit soort leuzen, acties en geweld blijft er van die traditie weinig over. Als we ons er niet tegen verzetten.

    Politici hebben lang bewust de Sinterklaasdiscussie gemeden. En ik zeg je: als vader is voor mij ook het belangrijkste dat mijn kinderen een onbekommerde en magische Sinterklaastijd beleven. Tegelijkertijd is het dit weekend zo uit de hand gelopen dat Nederlandse waarden op het spel staan. Dan mogen we niet zwijgen.

    Daarom roep ik alle partijleiders, en de premier voorop, om afstand te nemen van al het racisme en geweld. Om heel helder te maken wat Nederlands is, en wat voor taal niet bij ons land past. Het is tijd voor een helder en duidelijk politiek signaal tegen racisme.

  56. Rob novimber 19, 13:19

    Wat Klaver der oer sei sil gjinien nij dwaan. Dat neam ik “preken voor eigen parochie”. Sjoen it GL-programma kin er ek net oars. 80% fan de befolking fynt SP prima sa’t er no is. Fan de BN’ers en oare lju dy’tst op telefyzje sjocht wol 95% him feroarje. De tsjinstanners moatte wol it ynternet op. En dêr wurdt fan alle kanten raar praat koarre.
    Dat inkelde pro-SP’ers rasistyske opmerkingen meitsje praat ik net goed mar ik begryp it wol. De anty’s roppe konstant dat SP rasisistysk is dus yndirekt dat elkenien dy’t foar is dan ek in rasist. Moatte de pro’s dan noch harkje en de dialoach oangean? Respekt moat fan twa kanten komme of hielendal net. Tolerânsje betsjut datst earne wêr’tst net mei iens bist gewurde lit. By de PK-kliek is krekt dat eat wat fergetten wurdt.

  57. mbc84 novimber 19, 17:31

    Sjoch, ferjit net dat sokken as Abe en Jabik oertsjûge binne fan harren morele gelyk. In lyts groepke swarten en trochdraaide sosjalisten sjocht yn Swarte Pyt rasisme en om’t sy dat sizze, is it ek sa. Harren gefoelens en waarnimmings binne hillich om’t se swart en/of sosjalist binne (sjoch hjir ek it rasisme fan links). Dit binne lju dy’t oeral rasisme sjogge en de oare swarten tsjin de blanken en de kultuer fan dy blanken opsette wolle. Dêrneist is der ek in hiele ploech blanken dy’t o sa benaud is om foar rasist útmakke te wurden dat se alle silen bysette wolle om dat foar te kommen en yn dy dwylsinnige argumintaasje fan KOZP & trawanten meigeane (om mar foar in goed moreel fuotljocht te kommen). Mei de media en politisy op harren hân (dêr stapt itselde folk om) witte se de boel te kearen en in soarte fan kulturele revolúsje 2.0 te begjinnen. By de media hat der fan it begjin ôf inkeld en allinnich plak west foar KOZP & co, it tsjinlûd waard en wurdt hieltyd tsjinholden (https://www.wildgeraasdefilm.nl/blog/nieuws/open-brief-aan-asscher-en-nederlandse-publieke-omroep/).
    Dat tsjinlûd mocht en mei gjin plak krije want it is rasisme en net yn lijn mei dy ideology ensfh ensfh. De tillefyzjesjoggers en krantlêzers moatte al it morele goeie lûd te hearren krije, want soks heart neffens it fetsoen (PK-isme). Dat noch hieltyd de grutte mearderheid Swarte Pyt swart hâlde wol, dêr wurdt folslein oan foarbygongen. Krekt sa’t soks giet yn in kulturele revolúsje, krekt salang dramme en tramtearje (moreel terrorisme) oant jo jo gelyk krije. En sjoch, dêr begjint it hitsen al syn frucht te krijen (ûnder jongerein is der mear reewilligens om Swarte Pyt te feroarjen: https://tpo.nl/2018/11/18/meerderheid-nederland-behoud-zwarte-piet/). Risseltaat fan de 80% linkse leararen (https://www.aob.nl/nieuws/populariteit-d66-keldert-bij-aob-leden/)??
    Sa’t ik sei, in kulturele revolúsje 2.0 en Abe en Jabik dogge dêroan mei en leauwe der foaral yn dat wy ús oanpasse moatte (dan ynienen sjogge sy wol in ‘wy’). Mei in sosjalist kinst net redendiele, want der is gjin sprake fan lykweardigens yn debat (sy hawwe gelyk want sy binne foar de ûnderdrukten en sosjaal swakkeren ensfh. ensfh.). Asto it net mei harren iens biste, dan stiest oan ‘e oare en moreel ferkearde kant (fan ‘e skiednis…) want dy’t net opkomme wol foar de swakkeren en ûnderdrukten is in ferkeard minske. It liket wol as yn ‘e tiid dat ateïsten ferfolge waarden, dy’t de lear net folget kriget it lestich en swier(der).

  58. Jette novimber 21, 18:30

    alles dat hjir swart op wyt stiet, soenen we in kleurke jaan moatte, mei dûnsjende pipenuten der om hinne, dan waard de toan grif al wat fleuriger

  59. Cor Jousma desimber 3, 10:25

    Noch in pear dagen en dan kinne wy wer mei oare saken oan ‘e gong. It duorret in pear wike foardat Sint Piter komt. Miskien dat de skriuwer fan dit opinystik en syn tafelhear dy tiid ris brûke kinne om harren yn te lêzen yn ‘e matearje dy’t oer Swarte Pyt te finen is. As bekenners ta de linker kant fan it politike spektrum – rekkenje ik mysels al desenniums ta – hawwe wy in iepen senuw wat it rasisme oanbelanget. Mar bêste mannen dat jout noch wol de plicht om jo goed te ferdjipjen yn ‘e saken. Jo kinne Swarte Pyt net samar swart meitsje mei rasisme. Foar de antypiten in masterlike fynst! Mar it is spitich foar harren dat it swart fan de”tafelhear” fan Sinteklaas net yn de achttjinde iuw begûn.

    En dochs leit hjir wol in kompromisgedachte. Allinne mar roetpiten. Mar dan in mjuks fan roetswarte mei dy mei roetfegen. Yn de grutte stêden wat mear fan de lêsten en op it plattelân wat mear fan de earsten.

    As jo it fysyk útbyldzje wolle soene. Smink dan regelmjittich tagelyk in blanke en in donkere Nederlanner ta swarte pyt. Dy lêste is ommers noch lang net swart genôch. Dan begripe benammen de âldere bern yn koarte tiid, wat de folwoeksenen mar net begripe wolle. Swarte Pyt is gjin Surinamer mar in mytologysk personaazje.

  60. Abe desimber 3, 13:55

    Jousma begrypt der noch hieltyd neat fan. Foar de lêste kear, spesjaal foar Jousma: it giet der net om oft SP rassistysk ,,is”, oft er rassistysk ,,bedoeld is” of net, of dat ,,wy” him rassistysk ynsette of net. It giet derom dat minsken (mei in oare achtergrûn as uzes) it ferskynsel as rassistysk opfetsje (kinne). Soe J. him dêr net ris yn ferdjipje kinne? Sa’t J. ek hopet dat oaren har ferdjipje yn syn Frysk-fielen?

  61. Rob desimber 3, 14:26

    Bêste Abe, dat ien eat fielt of opfettet wol net sizze dat dy persoan gelyk hat. Kinst der rekken mei hâlden mar hoechst it net. Wêrom soe de persepje fan in anti better wêze as dy fan in pro? Pro-SP’s moatte wol konstant rekken hâlde mei de teare siel de anti-klub mar oarsom wurdt dat net dien. Prostetearje kin it hiele jier troch. Alles hat in tiid en plak. Ik hâld net fan bglks it kristendom. Moat ik dan eiskje dat alle kruzen fan tsjerken helle wurde of by in tsjerktsjinst protestearje? Respekt komt troch diskusje, net troch eat wat wichtich foar ien is ta taboe te meitsjen.

  62. Abe desimber 3, 15:22

    Bêste Rob, it giet hjir net om ,,gelyk hawwen”. Hoe silsto my fertelle dat ik gjin gelyk haw, as ik sis dat ik my diskriminearre fiel as der yn myn taal gjin ûnderwiis jûn wurdt? As ik sis dat de ierde min ofte mear rûn is, dan jout de wittenskip my gelyk en de lju dy’t it oars hawwe wolle ûngelyk. As minsken dy’t net wyt binne sizze dat se har diskriminearre fiele troch in swart helpersmantsje fan in grutte wite baas, wa bisto om te sizzen dat se ,,ûngelyk” hawwe, inkeld mar om’tsto as wite man mei dyn stompe siele noait by dy mooglikheid stilstien hast en it swarte mantsje sa net bedoelst? Oer it protestearjen hawwe wy it hjir al faker hân. Jenny Douwes is net de boargemaster fan Dokkum en yn in demokrasy bepale de stampende learzens fan har wite helpers net wa’t al of net protestearret.

  63. Cor Jousma desimber 3, 17:24

    Bêste Abe,

    Jousma begrypt it miskien wol folle better as dat it dy leaf is. Hy is it allinne net mei dy iens. As stimmer oan de linkerkante docht er miskien oars as do net oan symptoom bestriding.

    Jierrenlang miskien wol iuwenlang binne minsken mei read hier njidde oant se der mâl fan waarden. Do wolst alle fjoertuorren omramaaie en ik sis pak dat njidzjen oan.

  64. Rob desimber 4, 13:36

    @Abe: gjin ûnderwiis yn dyn eigen taal (wêr’t dat de ynheemske taal is) is net eat subjektyfsk datst fergelykje kinst mei in persepje. Dat de ierde rûn is is ek gewoan in feit. As ik fyn dat ik in elf bin is dat lykwols myn persepje, gjin feit. En dat is no krekt sa mei SP. Der sille altyd lju wêze dy’t har earne troch misledige fiele sille. Dat wol net sizze datst der dan ek yn meigean moast. 20 jier ferlyn wie SP yn’e Bijlmer gjin probleem. Troch oerwaaide terminolgy út de FS dy’t ien op ien tapast wurdt op de Nederlânske situaasje is it no in taboe. Ik sjoch wier net wêrom’t ik my wol oerjaan moat oan ien syn fyzje wylst dy persoan gjin muoite docht dat te dwaan mbt myn fyzje. Mei tyd en respekt soe SP dochs wol feroarje mar no it mei safolle skuldgefoelens en protesten giet wurket it rasisme earder yn’e hân. Ik soe sizze, leaver stadich en algemien akseptearre dan forsearre en polarisearre. Mar ach, noch twa dagen en dan hawwe we wêr tsien moannen rèst.

  65. Joast desimber 4, 15:38

    De diskusje tusken Abe en alle oaren is dy tusken ideology en reedlikens, miening en feit, subjektivteit en objektiviteit, leauwe en wittenskip, (râne)stêd en gewesten, globalisearring en identiteit. It sil nea slagje en oertsjûgje sa’n djipleauwige sindeling. Lokkich stiet er hjir en op it stuit allinne.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*