Deputearre Kramer en wethâlder Wielstra iepenen Haadwei Damwâld

novimber 4, 2018 08:10

foto: gemeente Dantumadiel

De werynrjochte Haadwei yn Damwâld is tongersdei 1 novimber offisjeel iepene. Deputearre Johannes Kramer en wethâlder Kees Wielstra brochten mei in tal (âld-)learlingen fan Mafû de Saad de fontein by it krúspunt mei de Foarwei yn wurking.

It wurk oan de Haadwei begûn april 2017, nei in tariedingsskoft fan goed twa jier. It projekt is útfierd yn goede gearwurking mei de klankboerdgroep, skoallen en belanghawwers. In groep learlingen fan MAFU de Saad hat bygelyks, mei ûntwerpburo Bügel Hajema, it idee betocht om in fontein te meitsjen en dy mei- inoar ûntwurpen.

Kânsen yn Kearnen
De werynrjochting fan de Haadwei is in ûnderdiel fan it projekt Kânsen yn Kearnen (KyK). Provinsje Fryslân en gemeenten Dantumadiel en Tytsjerksteradiel ferbetterje de leefberens en feiligens yn Damwâld, De Falom, Feanwâlden, Hurdegaryp, Burgum en Garyp. Nei de komst fan de Sintrale As is der ommers folle minder trochgeand ferkear yn dy doarpen.

novimber 4, 2018 08:10
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.