Deaden en ferwûne minsken troch fûle reinfal yn Jordanië

novimber 10, 2018 08:08

Yn Jordanië binne acht minsken om it libben kaam troch oerstreamings of ierdferskowings nei fûle reinfal. Yn de stêd Petra, dy’t op de Wrâlderfgoedlist stiet, moasten tûzenen minsken evakuearre wurde.

Foto: morguefile.com

De toeristen dy’t de stêd besiten, waarden op tiid nei feliger gebieten brocht foar’t parten fan Petra ûnderstrûpten. Yn oare parten fan it lân moasten minsken ek harren hûs ferlitte fanwege it wetter. Troch it natuergeweld binne 24 minsken ferwûne rekke. De oerheid hat besletten dat universiteiten en skoallen ticht bliuwe moatte. Moskeeën hawwe de doarren iepene om boargers út gebieten dy’t troffen binne troch oerstreamings te helpen.

Fûle reinfal wie twa wike lyn ferantwurdlik foar in oerstreaming yn ’e omkriten fan de Deade See dêr’t 21 minsken by om it libben kamen. Twa Jordaanske ministers stapten op nei fûle krityk op de helpferliening by it ynsidint.

novimber 10, 2018 08:08
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.