De Klyster wint lanlike Henk Klein Award 2018

novimber 8, 2018 10:10

It Natuer- en miljeu-edukaasjesintrum (NME) De Klyster út Noardeast-Fryslân ûntfong ôfrûne freed de Henk Klein Award 2018 foar it projekt Underweizzz. Dat is in lanlike priis fan de Feriening Gemeenten foar Duorsume Untwikkeling (GDO). De priis wurdt jierliks útrikt oan in NME-organisaasje dy’t de gearwurking siket mei bewenners, ûndernimmers, en it ûnderwiis op in aktueel tema; yn dit gefal bioferskaat yn de Fryske bermen.

Foto: DDFK

Underweizzz
De priis is útrikt by de fiering fan it tsienjierrich bestean fan de Feriening GDO. De Klyster lit mei it lessepakket Underweizzz alle Fryske basisskoallelearlingen fan groep 7 en 8 ûntdekke hoe essinsjeel de natuer is foar it libben en dat bioferskaat fan grut belang is foar de fiedselfoarsjenning. Dat bart op ferheljende wize en troch de bern letterlik de berm yn it stjoeren om te sjen wat dêr groeit en bloeit.

Sjueryrapport
Neffens de sjuery is it inisjatyf fernijend en gaadlik foar lanlike opskaling. “De Klyster berikt mei Underweizzz op in ludike en eigentiidske manier ferskate doelgroepen. It nut fan griene en bloeiende bermen wurdt by elkenien dúdlik. It projekt stiet as in hûs!”, seit sjueryfoarsitter Jacqueline van Dongen. Marjolein Staal, koördinator fan De Klyster en betinker fan it projekt, is tige bliid mei de loovjende wurden. “Alle Fryske NME-sintra hawwe meidien oan it projekt en ik hoopje fan herten dat Underweizzz de kommende jierren foar alle basisskoallen yn hiel Nederlân beskikber komt. Los fan de needsaak, gun ik alle bern it gelok en de wille dy’t men ûnderfynt as men nei bloeiende blomrike bermen sjocht.”

Sân nominaasjes
Der wiene sân nominearre ynstjoerings út hiel Nederlân foar de Henk Klein Award 2018. Neffens de sjuery stik foar stik opfallend moai en krêfticy yn har eigenheid.

novimber 8, 2018 10:10
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.