De frouwe fan Starum

novimber 3, 2018 07:30 Fernijd

Sêge

Starum, de âldste stêd fan Fryslân, is mar lyts. Dat it stêd neamd wurdt, wiist derop dat it earder grutter wie. Iuwen lyn wie it in hiel belangryk plak. It lei oan de Sudersee en dêrtroch koene de Starumer skippen de Noardsee opfarre. Staveren hie in grutte haven en der stiene foarname huzen fan de reders, dy’t ferskillende seeskippen hiene. Dy fearen withoefier om hannel yn oare lannen te bedriuwen. Foaral mei de lannen oan de Noardsee en de Eastsee waard hannele yn hûden, nôt, sâlt en waaks. Starum wie in stêd fan oansjen. It wie in Hânzestêd. It wie mei in protte oare stêden yn noardwestlik Europa oansletten by de Hânze, in ferbûn dat de hannel fan dy stêden beskerme.

Ien fan de Starumer reders wie in widdo. Har man wie jong stoarn, mar sy hie de saak fuortset. It wie in flinke en grutske frou. Se doarst it wol oan. Mei de hannel gie it foar wûnder. Der waarden grutte winsten makke. Mar mei harsels gie it net sa goed. Se miste har man ôfgryslik. It fertriet besocht se te fergoedzjen troch hieltyd mar djoerdere klean en sieraden te keapjen. Se liet har hûs ferbouwe en klaaide it oan mei prachtich djoer húsried. As se wer ris wat moaiers seach, woe se dát hawwe. Mar nettsjinsteande alle rykdom wie se net gelokkich. Der wie in leechte yn har libben dêr’t se gjin ried mei wist.

Op in dei stjoerde se ien fan har skippers derop út om it alderkostberst foar har mei te nimmen dat er mar fine koe. Wêr’t it ek wei komme moast en wat it ek kostje soe, dat die der net ta, as it mar wat wie dat se noch net hie en dat moaier en kostberder wie as alles wat er earder foar har meinommen hie. De skipper reizge fierder fuort as op al syn foarige reizen, mar wat er ek socht, hy koe net wat fine dat syn frouwe al net hie.

Op in stuit wie er yn de havenstêd Danswyk, ek in Hânzestêd, yn Prusen. Dêr seach er sok moai nôt en fan sa’n kostbere kwaliteit as er noch nea earder sjoen hie. Hy tocht, moaier en better bestiet net. Dêr sil ik myn frouwe bliid mei meitsje. It skip waard grôtfol laden. Hy rekkene ôf mei de ferkeaper en sette koers nei Starum. Nei in wike of wat kaam er yn de haven fan Starum oan. Wat sil de frouwe hjirfan opsjen, tocht er. Hy rûn nei har hûs ta en fertelde dat er wat meinommen hie dêr’t se grif bliid mei wêze soe. Se moast mar meikomme, dan soe se ris wat sjen.

Doe’t se by it skip oankamen foel it de skipper goed ôf hoe’t de frouwe reagearre. “Wat lapst my no, omkoal dy’tst bist! Bargefretten of noch minder. Hoe krigest it yn ’e plasse”, wie it earste dat se sei. “Nôt. Tinkst datst my dêr gelokkich mei makkest? Dat hawwe wy hjir ommers ek wol. Oan watfoar kant hast it ynladen?” “Oan stjoerboard”, sei de skipper. “Laad it oan bakboard út en smyt it yn see.”

In bidler dy’t dêr omtoarke, hearde de frouwe oangean. Hy sei: “O Frouwe, doch dat net! As jo dat trochsette, sil it der jo nei fergean. Dan sille jo krekt sa earm wurde as ik en moatte jo ek biddelje om oan ’e koste te kommen.” Se lake him út en sei: “Man, waai op mei jo praat.” Se luts ien fan har moaie ringen fan de finger en sei: “As dizze ring weromfûn wurdt, dan sil ik earm wurde” en smiet him yn de see.

Net lang dêrnei joech de frouwe in feest foar famylje en freonen. Der waard in kostlik miel taret. Yn de keuken wie ien fan de fammen in fisk oan it tameitsjen. It mes rekke ynienen wat hurds. It wie in ring. Hea, hie de frouwe ek net sa’nien? Se lei him earst mar efkes oan ’e kant. As de frouwe in kear troch de keuken kaam, soe se it har wol freegje. Troch de drokte kaam it der net earder fan as op de dei nei it feest. Doe’t har masteresse de ring seach, waard se sa bleek as in doek. Soe it dochs wier wêze, wat dy bidler har by de haven foarsein hie?

It libben gie syn gong, mar op in dei, net iens sa folle letter, krige se berjocht dat ien fan har skippen yn in stoarm fergien wie. Skip en lading en de hiele bemanning wiene ferdronken. Doe fleach in kear har pakhús yn ’e brân. It waaide in stoarm. Alles gie ferlern. Dat gie sa mar troch. Mear skippen giene ferlern. It wie as lei der in flok op de widdo. Op it lêst hie se neat mear. Dat brocht har ta de biddelstêf.

Mar net allinne mei de iens sa rike frouwe gie it ferkeard. De tagong ta de haven, dêr’t de fracht nôt yn see smiten wie, slibbe it ticht. De skippers koene de haven net mear berikke en ferlieten Starum. Geandewei ferearme de stêd. De sânbank foar de haven krige de namme Frouwesân. Soms groeie dêr noch wat earmoedige ieren op, wurdt sein, as in treurich oantinken oan de rykdom fan in fier ferline.

 

novimber 3, 2018 07:30 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.