Ried fan Europa yn Ljouwert

novimber 22, 2018 12:14

Pier Bergsma

Fjouwer leden fan de Ried fan Europe binne fan moandei 19 oant en mei tongersdei 22 novimber op besite yn Nederlân. It binne leden fan de kommisje fan saakkundigen op it mêd fan Europeeske minderheden. Se binne hjir om nei te gean yn hokker mjitte Nederlân him hâldt oan de ferplichtingen dy’t it sels oangien is yn it saneamde Ramtferdrach.

It Ramtferdrach foar it beskermjen fan nasjonale minderheden (FCNM) is in multylateraal ferdrach fan ‘e Ried fan Europa dat rjochte is op it beskermjen fan de rjochten fan minderheden. It kaam yn wurking yn 1998 en yn 2009 waard it ratifisearre troch 39 lidsteaten.

Sûnt 2016 is it Frysk opnommen by Google translate. Ferline jier binne der by in nije aksje fan de provinsje in soad ferbetteringen yn dit oerset systeem oanbrocht. It like ús aardich om Google translate te testen. It wurket dus, want….

It boppesteande is de Google-oersetting fan it folgjende : The Framework Convention for the Protection of National Minorities (FCNM) is a multilateral treaty of the Council of Europe aimed at protecting the rights of minorities. It came into effect in 1998 and by 2009 it had been ratified by 39 member states.
Der hoegden mar in pear wurden feroare te wurden lykas ramtferdrach ynstee fan kaderferdrach en dat yn stee fan dy’t.

De kommisje strykt it grutste part fan de tiid del yn Ljouwert om mei safolle mooglik fertsjintwurdigers fan de Fryske organisaasjes en oerheden te praten. It is de tredde kear dat leden fan de kommisje hjir binne. Lykas earder wie de Ried fan de Fryske Beweging útnoege foar in petear. Yn ’t foar wurdt ynformaasje opfrege. Sadwaande hat de Ried in gearfetting stjoerd fan harren Skaad-BFTK.

Dy Skaad-BFTK waard op 2 juny oanban oan deputearre Poepjes

Ut It Nijs fan dy dei:

Hjoed (27/6) hat Geart Benedictus, foarsitter fan de Ried fan de Fryske Beweging, op it Provinsjehûs yn Ljouwert de Skaad-Bestjoersôfspraak Fryske Taal en Kultuer fan de Ried oan deputearre Sietske Poepjes oanbean. De deputearre foar taal, media en kultuer hat de notysje mei nocht en wille oannommen. Se seit yn it neipetear ta om it dokumint yngeand te bestudearjen. Se is bliid mei it feit dat der yn bredere rûnten en benammen fan ûnderen op meitocht wurdt oer de takomst fan it Frysk.

Yn it petear mei de Europeeske kommisje op moandei 19 novimber yn Post Plaza hawwe foarsitter Geart Benedictus en bestjoerslid Pier Bergsma benammen omtinken frege foar de posysje fan it Frysk yn it ûnderwiis, de sichtberens fan de taal yn it deistich libben en de swakke posysje fan it Frysk bygelyks yn soarch- en oerheidsorganisaasjes.

Tagelyk mei de Ried fan de Fryske Beweging wie it EBLT, it Europeesk Buro foar lytse talen útnûge. Fertsjintwurdiger Onno Falkena brocht lykas wy nei foaren dat bygelyks Dútslân aardich mear docht om op lanlik oerheidsnivo oerlis te hawwen mei minderheidsorganisaasjes. De Haach docht der spitigernôch neat oan. Der soe by it ministearje fan ynlânske saken in aparte ôfdieling foar wêze moatte. Dat kin dan moai bepraat wurde op 4 desimber, want hast tagelyk mei it skriuwen fan dit berjocht, krige de Ried in útnûging fan it ministearje fan ynlânske saken yn De Haach. Miskien net tafallich, just no?

novimber 22, 2018 12:14
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.