Brêgeblokkearders no krekt tsjin Swarte Pyt

novimber 12, 2018 22:29

It hottefyljen oer de kleur fan Swarte Pyt hâldt oan. Wylst koartlyn goed tritich Friezen feroardiele waarden foar it blokkearjen fan sneldyk A7 om in antyswartepytaksje op te kearen, besette moandei in groep demonstranten de tagong ta it Mediapark yn Hilversum.

De blokkearders makken no diel út fan de groep dy’t tsjin Swarte Pyt is. Hja besetten in fuotgongersbrêge tusken it Mediapark en it neistlizzende treinstasjon. Op it Mediapark binne de measte Nederlânske omroporganisaasjes fêstige. Ferline jier besette in oare antyswartepytgroep in brêge yn Rotterdam.

De plysje hat in ein makke oan de blokkade.

novimber 12, 2018 22:29
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.