Bouwe de Boer: Fryslân – Skjinnerlân 19

novimber 1, 2018 15:09

Garyp is der ryp foar: ierdgas fuort

De measte minsken witte it no in moanne of fjouwer: Nederlân moat fan it ierdgas ôf. Oer tolve jier, yn 2030, giet yn Grinslân de kraan ticht. Dochs strykt dat boadskip net. Grinslân giet dan wol ticht, mar Nederlân giet de kommende tritich jier wier net fan it ierdgas ôf. De kommende fiif jier wurde lytse stapkes makke om te ûntdekken hoe’t we foarsichtich oan mei minder gas ta kinne, yn wenningen en fabriken, yn de kassen en enerzjysintrales.

Dat is in ûnfoarstelbere operaasje, dy’t útfierd wurde moat troch in hiel soad hannen en dy’t tsientallen jierren duorje sil. Dy hannen binne der (noch) net, mar dy komme der grif. Der sille noch hiel wat nije techniken komme dy’t ús helpe om sûnder ierdgas te kinnen. Mochten jo tinke dat der binnen tsien jier ien by jo foar de doar stiet om te fertellen wannear’t jo hûs oan bar is en hoe’t dat gean sil? Sa sil it net gean. Sit dêr mar net oer yn!

Earst wurde buerten en wenten oanpakt dy’t har dêr tige foar liene. Yn de praktyk binne dat foaral hierwenten. Dat sil in grutte kwaliteitsslach wurde dy’t yn guon doarpen al oan ’e gong is. Om it wat foarsichtich op gong te bringen hat it Ryk in grutte pot jild útloofd foar doarpen en wiken dy’t no al as hiele doarp fan it (ierd)gas ôf wolle. Dat betsjut yn de praktyk dat der biosgas of stroom brûkt wurdt of waarmte djip út de boaiem.

Der binne al in stikmannich buerten yn Fryslân dy’t de subsydzje oanfrege hawwe, meastal yn plakken dêr’t in enerzjykoöperaasje in grutte groep minsken bewege koe om dêroan mei te wurkjen. Yn Fryslân hawwe twa gebieten subsydzje krige: Garyp en Flylân. Garyp hat 5,5 miljoen euro krige en wol mei dat jild berikke dat mear as njoggentich persint fan de huzen fan it ierdgas ôf giet.

Garyp is in bysûnder doarp. Jacob Miedema en Gjalt Benedictus hawwe in protte minsken om harren hinne wûn dy’t dêr de skouders ûnder sette wolle. Earder diene se dat al mei it sinnepark. Der steane no 27.000 panielen dy’t genôch stroom leverje foar it hiele doarp. En noch moaier is dat se dêr jild mei fertsjinje dêr’t it hiele doarp fan profitearret. Dy subsydzje hawwe se dêr yn Garyp dus wol fertsjinne.

Dat proses sil lang duorje, want it is wol yngewikkeld: 600 huzen, 1900 ynwenners, isolaasje, sinnepanielen, waarmtepompen, sinneboilers, pelletkachels, ynfrareadpanielen en faaks ek noch elektryske auto’s! En dan noch de bedriuwen. Ien ding stiet foarop: it doarp moat der ek wat oan oerhâlde. Dat slagget yn Garyp wol. Se binne dêr fêsthâldend en tûk. Garyp wurdt it foarbyld foar Fryslân. Oare doarpen en wiken sille gau folgje, mar de earste tsien jier net mei twang, dat is wol wis.

Stilsitte dus? O nee! Begjin wol mei te besparjen. Dat leannet elk jier mear.

Bouwe de Boer is enerzjykoördinator by de gemeente Ljouwert en projektlieder fan Freonen fan FossylFrij Fryslân.
novimber 1, 2018 15:09
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.