Boubedriuw Swart út Eastermar kriget 10e finjet Mei-inoar Meidwaan

novimber 13, 2018 16:21

Wethâlder Gelbrig Hoekstra-Mozes oerlanget oan direkteur Taeke Offringa it finjet Mei-inoar Meidwaan

Moandei 12 novimber waard troch wethâlder Gelbrig Hoekstra-Mozes oan boubedriuw Swart it finjet Mei-inoar Meidwaan útrikke. It finjet waard foar de tsiende kear úrikt en is bedoeld foar bedriuwen dy’t kânsen en mooglikheden biede foar minsken mei ôfstân ta de arbeidsmerk. It bedriuw hat trije jier lyn de earste kandidaat mei ôfstân ta de arbeidsmerk oannommen en koartlyn hat it in twadde kandidaat dy moaie kâns yn it bedriuw bean. “Wurkjouwers lykas boubedriuw Swart dy’t bydrage oan it realisearjen fan in ynklusive arbeidsmerk moatte werom te kennen wêze en erkenning krije foar harren maatskiplike bydrage”, lit de wethâlder witte.

Boubedriuw Swart
Boubedriuw Swart is al hûndert jier in begryp as mearsidich oannimmer yn Tytsjerksteradiel en dêrbûten. “Yn it bedriuw sjogge we mei in jobcoach fan de gemeente nei hokker taken oanpast wurde kinne op de feardigens fan de wurknimmer. De mienskip is oan it ferhurdzjen, wêrby’t allinnich de leechste priis jildt. As bedriuw binne wy der grutsk op dat we tiid en romte biede kinne oan minsken mei in ôfstân ta de arbeidsmerk om se te begelieden en in kâns te bieden“, sei direkteur Taeke Offringa.

novimber 13, 2018 16:21
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.