Boargemastersbeneaming út de grûnwet

novimber 14, 2018 07:50

De wize dêr’t boargemasters op oansteld wurde, wurdt út de grûnwet helle. De Earste Keamer sil takom wike foar in foarstel dêrta fan D66-fraksjefoarsitter yn de Twadde Keamer Jetten stimme. Nei it debat dat de senaat tiisdei de hiele dei fierde oer syn foarstel om de proseduere te skrassen, bliek de fereaske twatredde mearderheid der te wêzen.

It Binnenhof (foto: pixabay.com)

D66, PVV, SP, GrienLinks, 50Plus, PvdD, ChristenUnie en CDA binne foar. Regearpartij VVD twivelet noch en is ferdield, mar de grûnwetswiziging komt der hoe dan ek tanksij de stipe fan regearpartij CDA. Tiisdeitemiddei hie regearpartij CDA noch syn betinkings en like it noch mar de fraach oft de ferkeaske mearderheid der komme soe. Letter op ’e jûn sei CDA-senator Rombouts dat syn partij wol meigiet mei de saneamde ‘dekonstitúsjonalisearring’ fan de boargemastersbeneaming.

“Yn ’e praktyk is der al lang gjin sprake mear fan in beneaming, mei’t de boargemaster keazen wurdt troch de gemeenterie. It politike lânskip is ek feroare en it CDA is fan ynsjoch feroare”, motivearre er syn beslút. It CDA wol wol de garânsje dat de boargemaster “relatyf ûnôfhinklik en in ferbinende figuer foar alle boargers bliuwt”. De partij is bang dat it skrassen fan de hjoeddeiske proseduere de wei frijmakket foar in streekrjocht keazen boargemaster. Dat is ien fan de ideeën fan D66. Rombouts sei mei klam dat de wetswiziging foar him persoanlik net hoegd hie.

PvdA en SGP wiene it meast kritysk oer it plan. “Wy sjogge net de urginsje”, sei PvdA-senator Vlietstra. Mei it foarstel fan D66 wurdt net allinnich de beneaming fan de boargemaster út de grûnwet helle, mar ek dy fan de kommissaris fan de Kening yn de provinsjes.

novimber 14, 2018 07:50
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.