Boargemaster Gerbrandy slút drugspân yn de Harkema

novimber 20, 2018 07:56

Boargemaster Gerben Gerbrandy fan Achtkarspelen hat moandeitemoarn 19 novimber in drugspân yn de Harkema sletten. It hûs, oan de Kammingastrjitte, wurdt foar in perioade fan trije moanne sletten, omdat der in himpkwekerij yn oantroffen waard. De boargemaster kin gebouwen slute dêr’t drugskriminaliteit yn konstatearre wurdt. Himpkwekerijen jouwe oerlêst en binne gefaarlik foar de omjouwing. “Mei de sluting litte wy sjen dat drugsoerlêst yn Achtkarspelen net tolerearre wurdt”, lit boargemaster Gerbrandy witte.

Omdat tocht waard dat de Opiumwet oertrêde waard hat de plysje twa moanne earder (19 septimber 2018) it pân trochsocht en dêr in himpkwekerij yn bedriuw en guod dat mei drugs te krijen hat yn fûn. Elektrisiteit en wetter waarden illegaal ôftâpe. De himpkwekerij is opromme.

Drugsbelied
De regels foar it (soft)drugsbelied binne koartlyn oanskerpe troch de boargemasters yn Noardeast Fryslân. Mei it nije belied kriget in boargemaster de mooglikheid bestjoerstwang ta te passen en wenten, of foar it publyk tagonklike ynrjochtingen, te sluten as dêr sprake is fan drugshannel. It gemeentlik drugsbelied fan Achtkarspelen stiet los fan in mooglike strafrjochtlike ferfolging fan de oanholden bewenners. Dêr nimt it Iepenbier Ministearje in beslút oer.

novimber 20, 2018 07:56
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.