‘Better Wetter’ rispet tuorreboutfjilden

novimber 27, 2018 05:21

foto: Studio Tjeerd Veenhoven

Moandei 19 novimber waarden troch it programma ‘Better Wetter’ de earste tuorreboutfjilden rispe. Dat barde yn de Twizelermieden by Twizel. Yn it Bûtenfjild leit ek in proeffjild. Yn gearwurking mei Steatsboskbehear en Wetterskip Fryslân hat Better Wetter by Twizel in gebiet selektearre dêr’t al sûnt jierren de tuorrebout frijút waakse kin. It wie ít perfekte gebiet om nei jierren fan hânmjittich snijen, foar it earst yndustrieel te rispjen. It masinaal rispjen waard dien troch leanbedriuw D. van der Beek.

De wiete tuorrebout bliuwt net lang goed en moat dêrom gau drûge wurde. It drûgjen waard fersoarge troch Gersdrûgerij Groenvoer fan De Pein. It drûgjen fan de tuorrebouten wie de lêste aktiviteit foar de drûgerij dit jier. Sok drûgjen is foar de drûgerij hiel wat oars as gersdrûgjen. Der moat sjoen wurde oft de hakselder it wol goed docht en oft de drûchtrommel net yn ‘e brân fljocht troch alle plús. Nei de earste lading die al gau bliken dat it rûn dat it slydjage. De balen drûge tuorrebouten kamen der kreas út.

Tapassing tuorrebouten
De tuorreboutbalen wurde foar ferskillende ûndersiken ynset. Dêrby kin tocht wurden oan it tapassen as isolaasjemateriaal, dekoratyf plaatmateriaal, grûnferbetterder en feefoer. De kommende tiid sette ferskate dielnimmers oan it Better Wetterprogramma harren ûndersyk fuort, mei trochdat it in goed ‘tuorreboutjier’ wie.

Better Wetter
Better Wetter is in grut gearwurkingsferbân yn noardeastlik Fryslân, dat rjochte is op takomstbestindich wetterbehear. Dielnimmende partijen binne: Gemeente Dantumdiel, Wetterskip Fryslân, Van Hall Larenstein, Nordwincollege, Noardlike Fryske Wâlden, Steatsboskbehear, ONOF,  Fryske Milieufederaasje, It Fryske Gea en Kenniswurkpleats Noardeast Fryslân.

novimber 27, 2018 05:21
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*