Beswieren tsjin ‘beswierren’?
Resint ferskynd
- Pier Bergsma: Is der wier in Fryske paradoks ? 0
- De Fryske flogger op Hûnekop Festival XXL Drachten 0
- Redbad-regisseur Roel Reiné komt mei heldeferhaal oer Marco Kroon 0
- Op Europeeske Dei fan de Talen gie it dochs wer oer Frysk yn de rjochtbank 0
- ‘Etyske ynbraak’ lit sjen dat Siuwsk provinsjehûs net goed befeilige is 0

Henk Wolf (foto: Henk Wolf)
Troch Henk Wolf
Ferline jier haw ik ris in stik skreaun mei it wurd beswierren yn de titel. Dêr kaam in reaksje op yn de trant fan ‘moat it net beswieren wêze?’, allinnich seach ik dy no pas stean.
Utspraken mei ‘it moat … wêze’ of, sûnder helptiidwurd, mei ‘it is ….’ deryn yntrigearje my. Se wurde gauris fol wissichheid dien. Of se wurde presintearre as fraach, sûnder dat útlein wurdt wat dermei bedoeld, as soe dat heel fanselssprekkend wêze. In skoft lyn haw ik der in snipeltsje oer skreaun. Dat is hjir te finen: link.
Ik hie beswierren altyd sûnder euvelmoed brûkt en gong derfan út dat der in fariaasje bestiet yn it Frysk: de ien seit beswieren en de oar seit beswierren (mei útspraak ‘beswjirren’), sa’t der ek minsken by dy’t koalen sizze en oaren dy’t koallen (‘kwallen’) sizze, of sa’t de ien as fergrutsjende trep fan moai ‘moaier’ seit en de oar ‘mwajjer’. Mar miskien wie beswierren wol wat heel partikuliers. Ik waard nijsgjirrich. Dat, de wurdboeken derby.
It Wurdboek fan de Fryske Taal en de wurdboeken dy’t online te rieplachtsjen binne op taalweb.frl jouwe as meartal fan beswier allegear allinne mar beswieren. Dat wie wol apart. Soe it dan wat partikuliers wêze? Of wat regionaals? Myn famylje yn ‘e Dongeradelen spruts ik wie en ik hie soms ek út as ‘ik wji’ en ‘ik ji’, dat wa wit wie beswierren ek in noardlik ferskynsel. Mar ris googelje.
Fia Google fûn ik tritich kear beswierren. Der sieten in pear fan mysels en wat dûbelen by, dat lit ús sizze dat beswierren tweintich kear ‘echt’ foarkomt. Beswieren wurdt 83 kear fûn, mar dêr sitte wat falske treffers by, dat mei-inoar binne der sa’n 75 ‘echte’ fynplakken. 20 om 75, dat is net in spektakulêr ferskil, dat beswierren liket normaal genôch om der net yngewikkeld oer te dwaan.
Oer beswier is oars noch wol wat nijsgjirrichs te fertellen. It hat nammentlik in pear betsjuttingen ûntwikkele dy’t it Nederlânske bezwaar net hat. Sa kin ien dy’t witte wol wat in produkt of in tsjinst jilde moat, freegje wat de beswier(r)en binne, op deselde manier sa’t ek wol frege wurdt: “Wat is de skea?” En ‘in beswier’ kin ek in swier ding wêze dat brûkt wurdt om druk út te oefenjen. Sa kin men in foto dy’t troch wietichheid kromlutsen is, soms wer flak krije ‘troch der in beswier op te lizzen’. En gjin minderen as de bruorren Halbertsma en Tsjibbe Gearts van der Meulen brûke sielsbeswier of sielsbeswieren foar wat yn it Nederlânsk no ‘gewetensbezwaren’ neamd wurdt – neffens my in moai wurd dat it fertsjinnet om ôfstoffe te wurden.
@Henk Wolf, nijsgjirrich stikje wer, sa’t we wend binne fan dy. Fraach: yn hok dialekt hat him de sahjitten lûdbrekking it tierichst foardien? Wâldsk, Noardhoeksk?
Goeie, Lútsen,
Dat is net maklik te beantwurdzjen. Dúdlik is yn alle gefallen dat brekking yn ‘e Súdwesthoekster dialekten net of amper foarkomt (yn in winkel yn Balk begrepen se in pear jier lyn net wat ‘grjinte’ wie) en dat de brekkingslûden -wo- en -wa- nei liplûden yn it grutste stik fan ‘e Wâlden (mar net oeral) ferfongen binne troch mûillearring (‘Net mei dyn fjarke bjartsje’).
De Noardeasthoeke hat brekking fan de û-klank ta -wo- (‘Efkes in buodoek oer de muolle helje, der hingje noch puoltsjes oan’), al is dy yn it neigean. Fierder hat de Noardeasthoeke neamd gefallen lykas ‘ik wji der ek by’ en ‘se ji har nocht’, al binne dy sa stadichoan seldsum. Apart is dat it WFT dy foarmen by guon tiidwurden (‘hawwe’) wol jout, mar by oaren (‘wêze’, ‘stean’) wer net, wat mooglik oanjout dat it ferskynsel net sa bekend is.
Tagelyk ûntbrekt just yn ‘e Noardeasthoeke de brekking yn tiidwurden op -earje (‘Ik haw it organiseare’). Mar hoe faak en wêr oft de brutsen fariant (‘organisearje’, ‘ik haw it organisearre’) dy’t yn ‘e skriuwtaal it gebrûklikst is, yn de sprektaal foarkomt, is by myn witten noait goed ûndersocht. Dy foarm hat yn alle gefallen yn in grut part fan Fryslân konkurrinsje fan de net-brutsen útgong -eare (‘Ik sil it organiseare’, ‘ik haw it organiseard’).
Nijsgjirrich: Anne Popkema hat op Facebook in skoft lyn ris in miny-ûndersykje dien nei it foarkommen fan net-brutsen eare-tiidwurden dy’t yn ‘e sprektaal net in brutsen -earje-fariant ha. Hy hat doe in hânfol fûn, wêrûnder ‘parkeare’ en ‘kampeare’, as it my net mist.
No ja, samar wat.
@Henk. Faaks hat te meitsjen mei it bylûd dêroan foarôfgeand: perBjerje, wurDjerje, ferFjerje, ferGjerje, misLjerje, orNjerje,
parKearje, ferMearje, Pearje, administRearje, aveSearje, adverTearje…, mar dat giet miskien op foar dyjingen dy’t it Wâldfrysk yn harren basis ha. Hawar, ynteressant guod. Tank foar dyn reaksje.