Besibbe talen wurde faak yn besibbe lânskippen praat

novimber 17, 2018 06:03 Fernijd

De measte talen dy’t nau besibbe binne oan it Frysk, wurde praat yn ferlykbere lânskippen en ferlykbere klimaten as yn Fryslân. Neffens fjouwer taalûndersikers is dat gjin tafal. Hja hawwe ûntdutsen dat taalfamyljes faak ûntsteane trochdat sprekkers fan de oertaal fuortteagen nei gebieten dy’t liken op it oarsprongsgebiet. Meastal ferhûzje minsken nei gebieten eastlik of westlik fan har oarspronklik wenplak: emigraasje nei folle noardliker of súdliker streken is navenant seldsum.

Foar harren ûndersyk hawwe de Dútske wittenskippers Christian Bentz en Gerhard Jäger en de Nederlanners Dan Dediu en Annemarie Verkerk nei 6834 talen út 54 ferskillende taalfamyljes sjoen. Hja kamen derefter dat talen har net samar alle kanten op ferspriede, mar dat de sprekkers tûzenen jierren lang in foarkar hâlde foar ferlykbere libbensomstannichheden as de oertaalpraters. Besibbe talen wurde faak op likernôch deselde bridtegraad oantroffen, al kinne se in hiel ein eastlik of westlik faninoar ôf praat wurde. Fierders wurde taalferoarings relatyf faak binnen in taalfamylje oan oare talen trochjûn.

In ferslach fan it ûndersyk is ferskynd yn it tydskrift Nature. Klik hjir foar in gearfetting.

novimber 17, 2018 06:03 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.