Belibje it muzykspektakel ‘Simply Red Symphonica in Rosso’ yn ’e bioskoop

novimber 7, 2018 09:58

Op grut skerm en mei it bêste lûd fielt it as is men derby: op moandei 12 novimber fertoane Kinepolis en De Bios Simply Red Symphonica in Rosso. In unike kâns om dat geweldige konsert, streekrjocht opnaam yn de Ziggo Dome yn Amsterdam, yn ’e bioskoop opnij te belibjen.

Ofbylding: Kinepolis

Simply Red wie ferline jier haadact op de tsiende edysje fan Symphonica in Rosso en joech yn ’e Ziggo Dome yn Amsterdam in ûnferjitlik optreden. Mei in fjirtichkoppich symfoanysk orkest fertolke Mick Hucknall de populêrste ferskes fan Simply Red en in oantal klassike covers. By de sjoo binne live-opnamen makke en dêr is in konsertfilm fan makke, dy’t op 12 novimber foar ien kear op it wite doek te sjen is.

Mick Hucknall is ien fan de bejeftichste sjongers yn ’e wrâld mei in stim as gjin oar. Syn band Simply Red hat oant no ta in geweldige karriêre efter de rêch mei fiif Britske nûmer-ien-albums en mear as sechstich miljoen ferkochte albums.

Praktyske ynfo:

  • Simply Red Symphonica in Rosso
  • Moandei 12 novimber 2018
  • Lingte: 110 minuten
  • Kaarten: € 13,50
  • Te sjen by Kinepolis Almere, Breda, CineMagnus Schagen, CineMeerse Hoofddorp, Den Bosch, Dordrecht, Emmen, Ynskedee, Grins, Jierbeurs Utert en Zoetermeer.

Film ek yn Fryslân te sjen
De Bios op It Hearrenfean fertoant op moandei 12 novimber 2018 om 20.00 oere ek de film Simply Red Symphonica in Rosso. In kaartsje kostet € 12,50. Sjoch op de webside fan De Bios foar mear ynformaasje.

novimber 7, 2018 09:58
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.