Balkebrekkers aloan fûlder en wieter

novimber 14, 2018 23:29

Foto: morguefile.com

Orkanen binne fûle stoarmen, mar se wurde ek hieltiten fûlder. Boppedat geane se mank mei gâns mear reinwetter as earen. Dat docht bliken út rekkenderij fan ’e Amerikaanske Berkeley-universiteit.

De ûndersikers hawwe fyftjin grutte stoarmen bestudearre dy’t yn ’e lêste tritich jier waaid hawwe. Hja hawwe berekkene hoe’t dy by in oar klimaat ferrûn wêze soenen. It die bliken dat it hjoeddeiske klimaat makket dat slimme stoarmen slimmer én wieter wurde. Dat komt mei troch de hegere temperatuer en troch de broeikasgassen yn ’e atmosfear.

De balkebrekkers jouwe no al fiif oant tsien persint mear reinwetter ôf as foarhinne, mar it wurdt noch slimmer. As de klimaatferoaring oanhâldt, sille orkanen sa’n 35 persint mear wetter opsmite as yn it ferline. De wyn sil dan ek oanhelje mei tusken de tweintich en fyftich kilometer yn ’e oere ekstra snelheid.

De kompjûters kinne net berekkenje oft der mear of minder orkanen ûntstean sille en ek net oft se har yn oare gebieten foardwaan sille as no.

novimber 14, 2018 23:29
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.