Backpackers meie langer yn Australië bliuwe

novimber 5, 2018 09:48

It wurdt makliker foar backpackers om langer yn Australië te bliuwen. It lân fersoepelet de fisaregels foar wurkfakânsjes, wat derfoar soarget dat backpackers oant in jier langer yn it lân ferbliuwe kinne.

Foto: pixabay.com

No meie backpackers mei in wurkfakânsjefisum maksimaal in jier yn Australië wêze en meitsje se kâns op fernijing fan dat fisum as se trije moanne wurkje yn in regio dêr’t fraach nei personiel is. Under de nije regels kin dat fisum foar de twadde kear mei in jier ferlinge wurde. Dan moatte se yn har twadde fisumjier wol seis moanne wurke ha, berjochtet de Australyske tûke fan Business Insider.

Backpackers wurde boppedat frijer yn har kar foar de regio dêr’t se wurkje wolle en hoege se nei in healjier net mear ferplichte by harren wurkjouwer wei te gean. De Australyske premier Scott Morrison kundige yn Australyske media de fersoepeling fan de fisaregels oan, dy’t yn july takom jier yngean moat.

Fraach nei personiel
Hy nimt de maatregels fanwege de tanimmende fraach nei personiel op it Australyske plattelân. Backpackers wurkje yn Australië as fruitplukkers. Tagelyk leveret de fersoepeling neffens Morrison mear jild op, mei’t backpackers harren fertsjinne jild faak wer folslein útjouwe yn Australië.

Ferline jier lutsen der wrâldwiid sa’n 419.000 backpackers nei Australië. Dy pompten mei-inoar 800 miljoen euro yn de Australyske ekonomy.

novimber 5, 2018 09:48
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.