Arjan Berkhuysen foarsitter Nationaal Park Schiermonnikoog

novimber 23, 2018 16:01

Arjan Berkhuysen folget Lutz Jacobi op as foarsitter fan it oerlisorgaan fan Nasjonaal Park Skiermûntseach. Hy is op tongersdei 22 novimber beneamd. De leden fan it oerlisorgaan binne oertsjûge dat Berkhuysen (49) it nasjonaal park entûsjast en enerzjyk fertsjintwurdigje sil. Hy is in grut leafhawwer fan it Waad, wennet op Skylge en hat in soad ûnderfining mei natuerbeskerming yn binnen- en bûtenlân. Op it stuit wurket er as direkteur fan de World Fish Migration Foundation.

Ferbinende rol
De nije foarsitter komt graach op Skiermûntseach en wol deroan bydrage dat bewenners en besikers grutsk wêze kinne en bliuwe op het nasjonaal park. Berkhuysen: “Er zijn zoveel mensen enthousiast over dit eiland. De natuur is prachtig en dat moeten we zo houden. Tegelijkertijd moeten de bewoners er ook kunnen leven en werken.”

Berkhuysen wol de ôfstân tusken partijen lytser meitsje, in ferbinende rol spylje en dêrmei it park fuortsterkje. Dêrnjonken hat de gearhing tusken kultuerhistoarje en natuer syn ynteresse. “We hebben het vaak over natuur en cultuurhistorie als totaal verschillende werelden. Maar juist op een eiland staan die vaak helemaal niet zo los van elkaar. Lijkt me mooi als we die samenhang meer aandacht kunnen geven in de komende jaren als Nationaal Park.”

As foarsitter nimt Arjan Berkhuysen in wiidweidich netwurk mei dêr’t it park syn foardiel mei dwaan kin.

novimber 23, 2018 16:01
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*