Alleskinner Tytsje Porte fan Stiens

novimber 20, 2018 07:00 Fernijd

Der steane hiel wat stânbylden yn Fryslân, mar wol folle mear fan manlju as fan froulju. Tiid foar in ynhelslach! Yn it programma Froulju fan Fryslân, tongersdeis om 17.45 oere op TV, wurdt socht nei seis froulju dy’t wichtich binne foar de Fryske mienskip op watfoar manier dan ek. Ien fan dy froulju is âld-learares, boerinne en beppe Tytsje Porte fan Stiens.

Yn de ôflevering fan 22 novimber is it waarm yn de brûnsjitterij. Alle bylden fan Froulju fan Fryslân wurde getten. It smolten brûns fan mear as 1000 graden wurdt yn de mallen getten. Tytsje is derby. Har beppesizzer Anne nominearre har foar in stânbyld. Sa aktyf en foarútstribjend as har ‘beppe’ is, hopet sy letter ek te wurden. Tytsje (72) út Stiens hat in eigen buorkerij en in drok, wurksum libben efter de rêch as learares hânfeardichheid. 

Wa is Tytsje?
Tytsje wennet allinnich op har eigen boerepleats tusken Stiens en Sint-Anne. Se is mem en beppe en in tige ynspirearjende, ûndernimmende, eigensinnige frou. Tytsje stiet dan ek model foar de hjoeddeiske mem en beppe. Dêrneist hat se in grut hert foar Fryslân: de taal, it reedriden, it keatsen en de kultuer. Tytsje waard nominearre troch har dochter, skoandochter én bernsbern.

Fan ’t maitiid die Omrop Fryslân de oprop om Fryske froulju dy’t in stânbyld fertsjinje te nominearjen foar it projekt Froulju fan Fryslân. Ut mear as 200 nominaasjes binne seis froulju keazen dêr’t in portret fan makke wurdt yn film en yn de foarm fan in boarstbyld. Froulju fan Fryslân makket diel út fan LF2018. Hokker frou is sa bysûnder, wichtich of ûnmisber dat der in echt boarstbyld fan makke wurde moat? En wêrom? Dat is alle tongersdeis te sjen om 17.45 oere by Omrop Fryslân op TV.

novimber 20, 2018 07:00 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.