Aant Mulder: Piter Jelles, âld nepnijs

novimber 27, 2018 07:00

Kollum

Piter Jelles, âld nepnijs! Dy gedachte kriget my hieltyd mear yn de besnijing as ik krantlês. Ik doel op de artikels yn de kranten oer de Earste Wrâldoarloch. Dêr wurdt hjoed-de-dei in protte oer skreaun om’t it allegearre sa’n hûndert jier ferlyn is. De Earste Wrâldoarloch duorre ommers fan 1914 oant en mei 1918. De frede waard op 11 novimber yn Versailles sletten. Us lân die net mei, mar dy oarloch hat wol mear as in bytsje foar ús lân te betsjutten hân. As Gaasterlanner tink ik daliks oan de Belgekampen yn Riis en Aldemardum en de boeken dy’t dêre oer skreaun binne. Mar der is fansels folle mear!

foto’s © Aant Mulder

Yn ’t foarste plak ha we yn dy snuorje, mar dan krekt wat earder, te krijen mei de arbeiders op it lân en yn de fabriken, dy’t hieltyd dúdliker en mei hieltyd mear meistanners krewearje foar bettere wurkomstannichheden. Dat is de tiid fan it opkommend sosjalisme. De tiid fan Domela Nieuwenhuis en Piter Jelles Troelstra. Dat sosjalisme waard rillegau in demokratyske beweging. De SDAP waard yn1894 oprjochte. Likegoed moasten de boargers, de bestjoerders en wa’t wat te ferliezen hiene neat fan dat sosjalisme en neat fan dy SDAP ha. Dy partij waard lykwols stadichoan grutter. Yn 1913 gie de partij sels fan 7 nei 18 sitten. It sosjalisme keare, dy foaroanman gjin romte jaan, dêre waard heech op ynset. Dy arbeidersbeweging moast weromkrongen wurde. Dat yn 1917 yn Ruslân de revolúsje útbruts en yn novimber 1918 yn Dútslân sil makke ha dat yn ús lân noch fûleindiger besocht waard om de sosjalisten werom te kringen. De eangst by de sittende machten foar datsoarte fan feroaringen wie ferskuorrende grut. It soe te uzes ommers samar krektsa gean kinne! Troelstra waard al ferantwurdlik holden wylst der eins noch neat bard wie. Dy foaroanman ûnskealik meitsje, dat hie doe ek al nepnijs fan gefolgen.

Piter Jelles, men soe wolle dat er mear dichte en skreaun hie. Faaks hie er dan noch wol mear berikke kinnen! Hy makke lykwols de kar foar de polityk om’t er it gefoel hie dat er as advokaat net genôch foar de arbeiders dwaan koe. Syn ûnderfiningen oangeande de Hogerhuissaak ha dêre grif yn meispile. Dat er wat foar de arbeiders betsjutte woe, die earder eins ek al bliken yn syn pinnestriid mei dr. Lútsen Wagenaar: Fij, Lútsen en Hark ris Piter. Mar goed, om 1890 hinne makke er dus de kar. Dat waard yn it gedicht ‘In nije tiid’ folslein dúdlik.

Der giet in rop oer alle lannen, / In rop om frijdom, witnis, ljocht;
Der rûst in wurd lâns alle strannen,
/ Dat seit wat mannich herte tocht

Piter Jelles Troelstra is sûnt eins allinne noch mar warber as advokaat en politikus, earst foar de Fryske Folkspartij, letter foar de SDAP. De polityk wurdt syn libben. Hy pleitet foar algemien kiesrjocht, de lykstelling fan iepenbier en bysûnder ûnderwiis en dat docht er net sûnder sukses. Hy krewearret alle kearen weroan op sosjaaldemokratyske wize. Mar dy beweging as gehiel mei Piter Jelles as foaroanman wurdt, ik sei it al, tsjin de eftergrûn fan wat yn it bûtenlân barde, as in grutte bedriging sjoen, in revolúsjonêre bedriging. Dy beweging, dy foaroanman moat keard wurde. As it moat mei nepnijs. Lêzendewei kom ik ta de konklúzje dat de aksjes dêr’t Troelstra ta oprôp fan oaren oangrepen waarden om fan revolúsje te praten en om maatregels te treffen dy’t sa’n revolúsje tefoaren komme moasten. Tsjinaksjes waarden organisearre, net te min! Demonstraasjes fan Oranjegesinden om’t de monargy faai stie. Der kamen boargerwachten, de plysje waard bewapene en de rantsoenen giene omheech. Dat hy sei dat er gjin geweld woe, hie er likegoed net sizze kinnen. It fernuveret my no suver dat er nei dy rebûlje yn novimber 1918, wat wol de Reade Wike (9-14 novimber) neamd wurdt, noch oan 1924 ta yn de Twadde Keamer sitten hat. Dat dy rebûlje it Fersin fan Troelstra neamd waard en net in mislearre steatsgreep makket wol dúdlik dat it allegearre eins wol wat tafoel.

Mar de man moast fansels wol witte dat er te fier gien wie. It folk moast witte watfoar in demagooch oft hy wie. Dat moast him en syn meistanners goed yndruid wurde. Dêr koe oer skreaun wurde en dat waard dien. Ien foto seit fansels folle mear as hokker tekst ek. Dat jilde benammen yn dy tiid mei net folle byldmateriaal. In gaadlik byld fan syn hâlden en dragen yn dy Reade Wike wie der net. Aldergelokst wie der yn 1912 in foto makke fan it momint dat Troelstra yn Utert in grutte mannichte taspruts oer it belang fan it algemien kiesrjocht. Dêr stuts er de fûsten omheech! Dy foto stiet sûnt gauris by ferhalen oer him as it om dy Reade Wike en om dat ‘fersin’ giet. Knippe en plakke dus en sa in byld oproppe dat net doocht. Dat is nepnijs! De foto’s dy’t yn dy wike wol makke waarden, giene oer it keningshûs en de groepen dy’t it keningshûs stipen. Hawar, Piter Jelles hat witten wat er sels yn 1909 al dichte yn ‘Ofskie’ yn de syklus It âlde doarp:

Yn kringen leit it libben om ús hinne:
It húsgesin, it heitelân, de wrâld,
‘t Bedriuw, de klasse dêr men jin by hâldt,
Dêr lizz’ de grûnen dêr w’ op aardzje kinne,

Dichtsje, dat hat er nei 1890 nochris in kear dien doe’t er yn dus 1909 yn Stiens útfanhûs wie. Dat jiers ferskynde ek syn Samle fersen.

In grut steatsman, mar tagelyk dichter en skriuwer, ier slachtoffer fan nepnijs, we binne grutsk op him. Dêrom hat er in stânbyld yn Ljouwert krige. It is likegoed wol spitich dat er yn it skaad fan dy dochs wol mislearre toer de Aldehou stean moat.

By de foto op de thússide: Troelstra útbylde as It Kwea. Makker ûnbekend, 1918

Aant Mulder fan Balk hold dit praatsje op sneon 24 novimber yn syn fêste rubryk Taalferoaring op Radio Spannenburch. Dy stjoert sneons fan 15.00-16.00 it programma ‘Gewoan Frysk’ út. Dat wurdt moandeis fan 9.00-10.00 werhelle.’

 

novimber 27, 2018 07:00
Skriuw in reaksje

4 opmerkingen

  1. Geart van der Meer novimber 28, 10:36

    Sit der yn de grutte noas op de ôfbylding ek noch in stik antisemitisme?
    Trouwens, ik fyn NEP gjin Frysk – ik soe dat altyd gewoan SABEARE NIJS neame. Of is it wurd SABEARE no ek al útstoarn?

  2. jangerben novimber 28, 12:16

    moai en goed skreaun Aant.

  3. aant mulder novimber 28, 17:05

    Reaksjes

    Sa no en dan binne der lêzers dy’t op de stikjes fan my reagearje. Dat fyn ik moai. Tank dêrfoar. De kompliminten bin ik mei ynnommen. De krityske opmerkingen en /of fragen. tink ik altyd oer nei en dêr doch ik wat mei as it heal kin. Dat jildt ek foar de reaksjes fan de lêzers dy’t my op Facebook en Twitter folgje. Ik fyn it moai dat jimme myn kollums lêze. Dat wol ik dochs ris sein ha. Tank!

    Aant Mulder

  4. Jehannes Elzinga novimber 28, 18:16

    Graach dien, Aant!
    Do hast my wer wat wizer makke.
    Ik hie it oant no ta nea sa sjoen dat winliken Troelstra it slachtoffer wurden is fan in hetze út rjochtse hoeke, dus nepnijs (Geart: of sabeare nijs, mar dat heart te geunstich, it hat in oare gefoelswearde…).

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*