Aant Mulder: Klaas Bruinsma

novimber 13, 2018 07:00

Kollum

Klaas Bruinsma, in bysûnder man is okkerwyks ferstoarn. Syn ferstjerren hat minder omtinken krige as ik ferwachte hie. Ik ha de man kennen en dêr bin ik grutsk op. Klaas Bruinsma waard yn 1931 yn Easterein berne. Nei de legere skoalle gie er nei de mulo. Hy krige byles yn Gryksk en Latyn en gie doe nei it gymnasium. Dêrnei gie er nei de kweekskoalle en waard ûnderwizer oan in pear legere skoallen yn en bûten Fryslân. Underwilens helle er de MU-akte Ingelsk en sa waard er yn 1963 learaar oan de kristlike mulo yn Balk. Tusken 1973 en 1986 wie er learaar Ingelsk en skiednis oan it Ichtus College yn Drachten. Yn dy tiid mislearre syn houlik en doe sette er him nei wenjen yn in simmerhúske tichteby de Bûkeleane by Aldemardum. Yn 2003 waard Drachten wer syn wenplak. Sûnt er mei pensjoen wie, hie er echt tiid foar wat er graach die en wat er hast as syn ropping seach: oersette.

Ik ha Bruinsma yn syn Aldemardumer tiid kennen leard. Wy moeten inoar op politike gearkomsten en rekken yn itselde bestjoer. It seit himsels dat de Fryske literatuer te praat kaam. Ik begriep al gau dat Bruinsma in foaroanman yn dat fermidden wie. Hy wist prachtich te fertellen oer dingen dêr’t ik wolris wat fan heard hie. Hy hie oan my in oandachtich harker. Dat hy fertelde oer de Fryske skiednis, de Fryske literatuer en mear. Hy fernijde my fan alles oer midsiuwske Nederlânske wurken, Spaanske dichters, klassiken, de polityk en net te ferjitten it leauwe. Ik ha wolris sein dat ik bliid wie as ik begriep wat er fertelde en dat ik fan en ta in goede fraach stelle koe. Inkeldris kaam ik by him op besite yn syn fakânsjewente yn de bosk. Faker kaam er op scooter en yn learen jas mei de helm op te uzes om guon dingen te bepraten, om te sjen oft we tegearre net wat dwaan koene, Fryske berneboeken skriuwe of sa. It is der net fan kommen.

Dat Klaas Bruinsma in earsten oersetter wie, hoech ik hjir net te fertellen. De oersetting fan Rein de foks datearret al fan 1973 en de oersetting Fan Esopet as Sa Bist is fan 1985. Yn de njoggentiger jierren folgen Béatrys en Karel en de Elegast. Ik wol ek syn oersetting fan Trije trageedzjes fan Sofokles neame en fansels Mei-Maaie fan 1998. Klaas Bruinsma wurke stûf troch. De pinne en de typmasine wiene syn ark. Ik ha hiel wat hânskriften en typoskriften sjoen. De list fan oersettingen is alles byinoar lang wurden. Wa’t dy list besjocht, begrypt daliks wol dat er goed mei talen oerwei koe. Ik bin grif net folslein, mar ik kom tsjin: Gryksk en Latyn, Frânsk, Spaansks, Ingelsk (mei Ald- en Middeningelsk) en net te ferjitten it Middelnederlânsk en Midfrysk. As ik yn resinsjes omsneup, lês ik hieltyd wer dat er al dy talen linich yn geef en oansprekkend Frysk wit oer te setten. Wat de dichtfoarms oanbelanget binne resinsinten ornaris tagelyk ûnder de yndruk fan hoe’t er metrum en rym allike linich wit te behâlden. It is gjin wûnder dat er rillegau yn ’e beneaming kaam foar prizen. Yn 1993 krige er de Dr. Obe Postmapriis foar syn oersetting fan Sofokles Trije trageedzjes. Dy priis krige er nochris yn 2005 foar syn oersettingen yn it tinkboek fan Gysbert Japix: Gysbert Japix: een keuze uit zijn werk. Yn 1993 krige er de kultuerpriis fan Gaasterlân-Sleat en yn 2007 de Sulveren Anjer.

Ik kin it net litte en sjoch yn ’e boekekast hokker boeken ik dêr fan Klaas Bruinsma ha te stean. It is in aardich rychje wurden, benammen út syn Gaasterlânske tiid en dat is fansels gjin tafal. Guon boeken kocht ik om te lêzen, oare om te stypjen. En dat die ik mei nocht en wille. Klaas Bruinsma sette net allinne oer, hy stipe tagelyk mei eigen jild de útjeften fan syn wurk. Hy sutele ek gewoan mei syn eigen boeken. Sa binne Sofokles Trije trageedzjes by my yn de boekekast kommen te stean, net om te lêzen mar om te stypjen. Dat wit ik noch. Op in kear kaam Klaas Bruinsma del. Grutsk liet er my syn nijste wurk sjen, de Trije trageedzjes dus. Hy fertelde, dat it in heikarwei west hie en dat er der ek noch jild op talizze moast. Om’t der mar in lytse oplaach beskikber wie, hie hy in eksimplaar foar my efterút holden, sei er. Hy woe immen dy’t safolle belangstelling foar syn wurk hie perfoarst in boek ta ha. Wylst ik him suver fergulde betanke, neamde er de priis fan it boek. Wer in boek ferkocht. Yn 1994 gie it mei Karel en Elegast net folle oars, mar doe skreau er ús hannel yn in prachtige fjouwerrigel op. Dy fjouwerrigel wol ik jimme net ûnthâlde:
__“Leaver in masterdief as dien jûn foarst”, / sa spriek de roofridder Elegast.
__Mar hjir sjogge Jo dat d’ iene master d’ oare / ier midsieuwsk masterwurk ferkeapje doarst

Hawar, yn dit ferhaal kin ik as Balkster fansels ek nei om de oersetting fan Mei fan Herman Gorter yn Mei-Maaie hinne. Dat gedicht kenne we hast allegearre wol de begjinrigels fan:
__Een nieuwe lente en een nieuw geluid: / Ik wil dat dit lied klinkt als het gefluit,
__Dat ik vaak hoorde voor een zomernacht / In een oud stadje, langs de watergracht –
Set dat mar ris oer. Bruinsma makket derfan:
__In nije maaie dy’t in nij lûd bringt! / Ik wol dat dit liet as it floitsjen klinkt
__Dat ik faak heard ha op in maitiidsjûn / Bylâns de grêft, dy’t troch it âlde doarpke rûn.

De oanlieding foar de oersetting, dat wie de Herman Gorterbetinking dy’t yn 1992 yn Balk holden waard. Klaas Bruinsma lies doe de earste fan him oersette sang fan Mei-Maaie foar. De oersetting fan dat lange gedicht, dêr krige er de Kultuerpriis foar. Yn syn tankwurd neamde er my. Hy sei dat ik mei myn rubryk Diggels yn de Balkster Krante wichtich wurk die. Allinne dêrom al woe ik it no perfoarst oer him ha.

De ôfbyldingen binne foto’s fan boeken

Aant Mulder fan Balk hold dit praatsje op sneon 10 novimber yn syn fêste rubryk Taalferoaring op Radio Spannenburch. Dy stjoert sneons fan 15.00-16.00 it programma ‘Gewoan Frysk’ út. Dat wurdt moandeis fan 9.00-10.00 werhelle.’
novimber 13, 2018 07:00
Skriuw in reaksje

5 opmerkingen

  1. Grutte mûs novimber 14, 16:32

    Prachtich stik, twa minsken dy’t ik persoanlik wit. Master Mulder fan ‘e Openbare lagere skoalle en buorman Bruinsma. (Troch Google oersetten, Ingelsk / Frysk)

  2. jangerben novimber 14, 19:13

    Moai stikje Aant oer dizze bysûndere man.

  3. Abe novimber 15, 11:36

    Moai stikje. As it oer Swarte Pyt giet, begjin ik wolris oer Klaas Bruinsma. Dy kaam in tal jierren lyn ris yn in kafee yn Harns, foar in Fryske boekpresintaasje. Hy rint nei de bar, bestelt yn it Frysk in bakje kofje. Is it antwurd: ,,Ah nou, kanne jou gyn Nederlaans prate? Ik ferstaan jou nyt.” Hy sjocht de Harnzer ris efkes oan, draait him dan sûnder wat te sizzen om en rint der lyk wer út. Net dat sa’n anekdoate dan helpt hear.

  4. Piter novimber 15, 20:06

    Wat in ferromming om nei alle ôfwaaid Swarte Pyt-praat te sjen dat der ek noch geastlik ferheven minsken besteane. En dat jilt foar Klaas en Aant.

  5. jangerben novimber 16, 17:52

    Abe hat in hekel oan Friezen, want se ha in spraakgebrek seit er.Hy hie fansels it bakje kofje yn it Nederlânsk ferbettere.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.