Aant Mulder: Dr8888 Yn ’e Line

novimber 6, 2018 13:59

Kollum

Mei Dr8888 bedoel ik fansels Museum Drachten. Mei Yn ’e line, bedoel ik de tentoanstelling Not afraid of the new, dy’t in treflik oersjoch jout fan it Frysk ekspresjonisme fan nei de Twadde Wrâldoarloch en dan benammen fan de fiif keunstners dy’t mei-inoar Yn ’e Line foarmje. Dat binne Jan Frearks van der Bij, Pier Feddema, Sjoerd Huizinga, Jaap Rusticus en Klaas Koopmans.

Museum Dr8888 is wat de skilderkeunst fan de foarige iuw oanbelanget in nijsgjirrich museum. Dat begjint al mei de Drachtster bruorren Evert en Thijs Rinsema. Dy hiene kontakten mei keunstners fan De Stijl en de Dada-beweging en dy keunstners hellen se ek nei Drachten ta. De huzen yn de Papagaaiebuert binne dêr moaie foarbylden fan. Dat wurk fan Theo van Doesburg yn it museum te sjen is, leit dêrom wol yn ’e reden. Dy keunst, dêr giet it om yn Museum Dr8888. Dat wurdt wol dúdlik út tentoanstellingen as dy fan César Domela, De Stijl yn ’e keunst en typografy, Beyond Dada. Dêr heart it ekspresjonisme by. It seit himsels dat Museum DR8888 dus ek omtinken foar dy skilders hat. Dêrom dus Not afraid of the new. Wa’t in byld ha wol fan it Frysk ekspresjonisme fan nei de oarloch moat dy tentoanstelling dy’t duorret fan 14 oktober oant 13 jannewaris perfoarst besjen. It is in prachtich gehiel wurden. Hoewol, wat mear romte hie net ferkeard west. De namme fan de tentoanstelling noasket my ek net hielendal. De keunstners fan Yn ’e Line wiene ommers Not afraid of the new, mar gewoan Net bang foar it nije. Der is fierder net in katalogus fan dizze tentoanstelling. Der is sels net in koart oersjoch fan de skilders en harren wurk of fan it wurk op de tentoanstelling. Dat muoit my. Sa’n oersjoch hie’k graach ha wollen. Der sil earst wol in kaskreaker fan makke wurde moatte, dy’t dan net yn DR8888 holden wurde kin, want dat koe no eins al krapoan, mar yn it Fries Museum. En wêrom net!

As ekspresjonisten binne dy fiif Fryske skilders de lette kant it neist. Dat is lykwols net bysûnder. Sa giet it mei folle mear dingen te uzes. It ekspresjonisme komt eins út Dútslân wei oerwaaien. Groepen as Die Brücke, Der Blaue Reiter meitsje dêre foar de Earste Wrâldoarloch al namme. Yn Frankryk ûntstiet it fauvisme as ferlykbere streaming. Yn Grinslân ha we net iens folle letter sa’n keunstersbeweging. Dy wurdt dan De Ploeg neamd. Hoewol’t it aksint op de tiid foar de Twadde Wrâldoarloch leit, binne der hieltyd wer nije groepen dy’t ekspresjonistysk skilderje. Tink mar oan Cobra fan daliks nei de oarloch mei Karel Appel, Corneille en de Nije Wylden fan om 1980 hinne.

De keunstners fan Yn ’e Line steane net los fan wat der om harren hinne barde, hoewol’t guon fan harren útholden dat se nea fan De Ploeg heard hiene. Likegoed ha Sjoerd Huizinga en Pier Feddema les hân fan Herman Dijkstra, de Grinzer tekenlearaar dy’t alles fan De Ploeg wist. Pier Feddema is de man dy’t de namme foar dat lytse keunstnerskollektyf betocht. Yn ’e line dus! Dat betsjutte, dat der hurd lutsen wurde moast om fuortgong te bewurkjen. Sa’t de ploege by de Grinslanner boulannen hearde, sa hearde de line en dus Yn ’e Line by it Fryske wetterlân. Dy foar in part soannen fan fervers of sels ferver mei belangstelling foar literatuer, muzyk en skilderjen ha gâns wat lytser wurk lykas kryttekeningen, etsen en houtfiken makke. Se uterje har as ekspresjonisten lykwols it dúdlikst yn it gruttere wurk. Dêr falle benammen de grutte hoekige bewegingen en ûnregelmjittige flakken mei donkere of primêre kleuren op. It wurk is somber, guon tiden sels driigjend. Wa’t langer stean bliuwt, sjocht mear details, mear kleur. It binne gauris lânskippen, doarpen, bisten, skippen en eins altyd krekt werkenber.

Jan Frearks van der Bij, selsportret

Dat ik net earder witten ha fan dy bysûndere groep fan Fryske ekspresjonistyske skilders, dat fernuveret my no. Thús sjoch ik it standertwurk fan Huub Mous: De kleur van Friesland, Beeldende kunst na 1945, derop nei. Yn it mânske boek wurdt Yn ’e Line mei mar in pear bledsiden ôfdien. Benammen de skilder Jan Frearks van der Bij sprekt my oan. Syn earste wurk liket de sombere kant it neist. Dy wurken ha wat driigjends. It skilderij De bargepôle fan 1977 is dêr in moai foarbyld fan. Stadich wurdt it allegearre strakker fan foarm en komme der mear inkelde kleuren yn. De eardere driigjende kleuren ferdwine eins hielendal. It wurde fleuriger lânskippen. Fan Klaas Koopmans wurdt benammen omtinken jûn oan de gestichtstekeningen, de tekeningen dy’t er makke yn tiden dat er opnommen wie. Dy binne nijsgjirrich, mar likegoed giet myn belangstelling earst en meast út nei syn bisten, pleatsen en lânskippen, lykas Neisimmerjûn, Winterlânskip en sa. Mei mar in pear rake en fan en ta foarsichtige streken en kleuren en mei net folle details skilderet er de moaiste ekspresjonistyske lânskippen. Pier Feddema giet yn guon fan syn wurken fierder as de oaren. By him hat it der folle mear fan dat de doeken troch inerlike striid, ta stân komme. De ûnderwerpen binne minder werkenber, ekspresjonistysker, rûger! It wurk fan Sjoerd Huizinga is oer it generaal krekt wat freonliker en wat kleuriger. Dy wurkwize docht wol wat tinken oan de Frânske fauvisten. Jaap Rusticus is de skilder dy’t graach de kleuren brûkt sa’t him dat goed útkomt, kleuren dêr’t er in goed gefoel by hat. Tagelyk skilderet er hiele werkenbere lânskippen.

De tentoanstelling yn Museum Dr8888 is in must! Wat my oanbelanget is it tagelyk it begjin fan mear!

foto’s © Aant Mulder

Aant Mulder fan Balk hold dit praatsje op sneon 3 novimber yn syn fêste rubryk Taalferoaring op Radio Spannenburch. Dy stjoert sneons fan 15.00-16.00 it programma ‘Gewoan Frysk’ út. Dat wurdt moandeis fan 9.00-10.00 werhelle.’

 

 

novimber 6, 2018 13:59
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.