Aant Mulder: Der wurdt wer in spultsje spile

novimber 20, 2018 07:00

Kollum

As ik it goed ha, wie moandei 19 novimber dy kommisje mei dy hiele lange namme wer op besite yn Ljouwert. Dy kommisje, dat is de Council of Europe Advisory Committee on the Framework Convention for the Protection of National Minorities. Dy kommisje heart by it Ramtferdrach fan de Beskerming fan de Nasjonale Minderheden, koarter sein: Ramtferdrach foar Nasjonale Minderheden. Dat ferdrach is ynsteld troch de Ried fan Europa en hâldt de juridyske erkenning fan nasjonale minderheden yn. De rjochten fan dy erkende minderheden moatte hoede en noede wurde en dy kommisje komt om de fjouwer jier del om te sjen oft soks wol goed genôch dien wurdt. Nederlân docht sûnt 2005 mei oan dat ferdrach. Dat soe foar ús as Friezen, want wy binne sa’n erkende minderheid, in hiele opstekker wêze moatte. De werklikheid is oars.

Ik sis dat net samar. Wy ha ommers al aardich wat ûnderfining. As dy kommisje om de fjouwer jier delkomt en as ús lân al sûnt 2005 meidocht, dan hat it alle kâns dat dy kommisje diskear al foar de tredde of fjirde kear yn Ljouwert wie. Foar alle dúdlikens it giet by dit ramtferdrach net streekrjocht om de taal. Dêr is in oar ferdrach foar. Ik bedoel it Europeesk hânfêst foar regionale talen of talen fan minderheden. It ramtferdrach, dêr’t ik it no oer ha, dat giet om de Friezen as minderheid, mar dêr heart de taal fansels wol by. As we as minderheid erkend binne, soe dat neffens my tagelyk betsjutte moatte dat we gewoan ússels wêze kinne, dat we eigen dingen dwaan kinne, benammen as it om de Fryske taal en kultuer giet.

Dy kommisje kaam om te uzes mei in tal Fryske bestjoerders oer de stân fan saken te praten. Ik liket my logysk ta dat it ferslach fan fjouwer jier ferlyn ek oan ’e oarder west hat en dat besjoen is wat mei de krityk fan doe dien is. De leden fan de kommisje ha fansels de offisjele ûndersiken en dokuminten oer de Fryske taal, kultuer en ûnderwiis ek oanbean krige. Dat hat grif krityske fragen opsmiten. Hawar, jo en ik wiene der nei alle gedachten net by. No ha ’k alle betrouwen yn ús foaroanmannen en -frouwen, dêr net fan, mar in iepenbiere harksitting soe ’k net ferkeard fûn ha. En oars hie ’t wol moai west as de lju fan BAST, sa hjitte de SisTsizers fan hjoed-de-dei, efkes aksjefierd hiene, al wie ’t allinne mar om oan te jaan dat ús pommeranten nei alle gedachten wol it goede ferhaal fertelle, mar dat se gauris te folle prate en te min dogge. Dêr wol ik aanst wol in foarbyld fan jaan.

It leit dus yn ’e reden dat de kommisje mei it rapport fan fjouwer jier ferlyn op tafel earst wol graach witte wollen hat wat mei de oanbefellingen fan doe dien is. Yn dat rapport stiet bygelyks dat der te min Frysk yn de printe media brûkt wurdt. Tagelyk waard opmurken dat it lêzen fan it Frysk net oerhâldt. De oerheid soe mei finansjele stipe komme moatte om mear printe Frysk yn de media te krijen. Dat dwaan soe tagelyk fan gefolgen ha kinne dat de Friezen it lêzen fan de eigen taal wer wat gewoaner fine en dy taal sadwaande ek wer better leare te brûken. Yn dat rapport stiet fierder dat de kontakten mei de oerheid wat de taal oanbelanget goed regele binne. Beide talen kinne brûkt wurde, it Frysk en it Hollânsk. Wa’t dat lykwols gewoan dwaan wol, fernimt dat amtners lang net altyd Frysk prate kinne of wolle. Wa’t de ynstjoerde stikken wat folget hoech ik wat dat oanbelanget neat te fertellen.

Yn dat oerlis sil de lêste gemeentlike weryndieling ek wol oan ’e oarder west ha. It hat der alles fan dat yn de hieltyd gruttere gemeenten hieltyd minder romte foar it Frysk is. Taalbeliedsplannen binne ferplichte, mar dêr is tagelyk alles mei sein. Yn dy plannen stiet ornaris net folle en wat neamd wurdt hat mar in bytsje te betsjutten, om’t it mei net folle jild en mei net folle amtlike ynset helle wurde moat. Ljouwert is dêr it lêste foarbyld fan. Der wurdt dus eins efterútbuorke.

Oer ûnderwiis ha ’k al faker wat sein. Dêrom wol ik my diskear rjochtsje op it Frysk yn de media. Fjouwer jier lyn sei de kommisje dus al dat yn de media mear Frysk brûkt wurde koe en dat dat faaks mei jild stipe wurde moast. Sok dwaan hat earder alris Fryske siden yn ’e kranten opsmiten. No kin de Provinsje fansels tinke, dat se mei De Moanne en mei Heit en Mem wol genôch dogge, mar sa wurdt de grutte groep lêzers fansels net berikt. Wat dat oanbelanget binne we in hiel gewoan Frysk tydskrift foar Frysklêzende Friezen brek. De Provinsje is frege om sa’n eksperimint te stypjen. It antwurd wie ‘nee’. Dat betsjut dat se in dúdlik advys fan dy kommisje gewoan net opfolgje.

Dat Frysktalige tydskrift komt der lykwols. Yn desimber leit it 0-nûmer fan De Nije yn de boekwinkels. It sil likegoed wol by ien sa’n nûmer bliuwe. Der kin in hiele protte troch frijwilligers fergees dien wurde, mar in folslein tydskrift realisearje, dat slagget fansels net. Moaier soe wêze as de Provinsje dochs noch wat mei dat advys docht en dat tydskrift stipet.

Moai sa’n kommisje, mar wat hat it foar nut as advizen neat mei dien wurdt! Dat kostet dan allinne mar djoere tiid en reisjild fan de kommisjeleden nei Ljouwert ta, dy’t yn Post Plaza let en set waarden. Dat ferget fansels ek in pear sinten. Jimme begripe it al, dêr wit ik dan wol in oare bestimming foar. Tagelyk meie wy fansels net sizze dat we diskriminearre wurde.

Aant Mulder fan Balk hold dit praatsje op sneon 17 novimber yn syn fêste rubryk Taalferoaring op Radio Spannenburch. Dy stjoert sneons fan 15.00-16.00 it programma ‘Gewoan Frysk’ út. Dat wurdt moandeis fan 9.00-10.00 werhelle.’

 

 

novimber 20, 2018 07:00
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.