Aaf Brandt Corstius sprekt audiotour yn

novimber 10, 2018 12:25

Yn it Frysk Museum wurdt op 24 novimber de eksposysje Rembrandt & Saskia: Liefde in de Gouden Eeuw iepene. Dêr komt in saneamde audiotour by dy’t ynsprutsen wurdt troch skriuwer en kollumnist Aaf Brandt Corstius. Sy nimt de besiker mei nei de wûnderlike leafdeslibbens efter de portretten dy’t yn de eskposysje te bewûnderjen binne. Mei de audiotour binne de oandwaanlike ferhalen oer ferovering, hertstocht, ferlies en fertriet gewaar te wurden. De ferhalen binne te beharkjen yn it Nederlânsk, Ingelsk en Dútsk.

Govert Flinck, Portret fan Suzanna van Baerle, 1655, oaljeferve op doek
Museumlandschaft Hessen-Kassel, Gemäldegalerie Alte Meister

Troch de audiotour ûntdekt de besiker ûnder mear it ferhaal efter in ets dy’t Rembrandt makke fan syn âlde mem en it dilemma fan Suzanna van Baerle, dy’t troch Govert Flinck portrettearre waard. Dy wurdt fereare troch in jonge dichter, mar syn berop is har eins te min. Corstius stiet ek stil by de opjefte fan Steedhâlder Willem Frederik van Nassau, dy’t syn mem op har stjerbêd ûnthjitte in prinses út it Hûs fan Oranje te trouwen. Dy Haachske prinseskes wiene lykwols sa’n tweintich jier jonger as hy en hy waard fereale op in oarenien.

Aaf Brandt Corstius
Aaf Brandt Corstius (1975) skreau tûzenen kollums foar de Volkskrant, Margriet, Flow en Onze Taal. Se mei graach fris en humoristysk nei aktuele tema’s sjen. Foar har boeken hellet se de ynspiraasje út har eigen libben. Se debutearre mei Het jaar dat ik 30 werd en makke mei Machteld van Gelder Handboek voor de moderne vrouw. Nei’t se twa bern krige, skreau se dêr Het jaar dat ik (2x) moeder werd oer. Yn 2018 ferskynde Trouwboekje – Zo maak je van de leukste dag van je leven de leukste dag van je leven. Mei de foarstelling ‘Luxeproblemen’ spilen sy en Machteld van Gelder yn alderhande grutte teaters. Foar teaterselskip Mugmetdegoudentand skreau se twa suksesfolle toanielstikken, Fiftyfifty en Een Flinke Linkse Vrouw.

Utstalling
Rembrandt van Rijn en Saskia Uylenburgh foarmje de reade tried yn de eksposysje oer it societyhoulik yn de 17de iuw. Mear as 250 objekten fertelle hoe’t  lok en leed tegearre belibbe waarden. Dêrby is omtinken foar alle kanten fan de leafde: fan it earste wurk meitsjen fan in faam en oerdiedige brulloften oant de fertrietlike en tsjustere kanten fan it houlik lykas it stjerren fan in bern en oerhoer.

Rembrandt en de Gouden Iuw
De eksposysje is it foarspul fan it temajier ‘Rembrandt en de Gouden Eeuw’. Yn 2019 wurdt betocht dat it 350 jier lyn is dat de skilder stoar. Dat bart mei alderhande aktiviteiten yn ûnder mear De Haach, Lijen, Ljouwert en Amsterdam.

Ofbylding thússide: Rembrandt van Rijn, Saskia en profil yn rike klaaiïng, 1633-1642, oaljeferve op paniel Museumslandschaft Hessen Kassel, Gemäldegalerie Alte Meister

Yn Ljouwert duorret de eksposysje oant en mei 17 maart 2019. Dêrnei sil er yn Hessen-Kassel te sjen wêze.
De audiotour kostet € 1,50 en kin reservearre wurde op www.friesmuseum.nl

 

novimber 10, 2018 12:25
Skriuw in reaksje

2 opmerkingen

  1. B novimber 10, 13:18

    Dat liket my bjustere nijsgjirrich. Dêr wol ik wol hinne, mar dan wol ik ál de audiotour yn it Frysk beharkje kinne. Wa toanielspiler wol en kin dat dwaan? Men soe hast tinke dat ús Museum wèr net om ús taal tocht hat. En LF2018 is noch net iens efter de rêch! Dôfhûdich en hurdlearsk.

  2. Jabik novimber 10, 17:57

    B slacht de spiker op ‘e kop!

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.