2Doc: ‘Joost Zwagerman – Voor alles bang geweest’

novimber 13, 2018 08:50

In film fan Coen Verbraak

Op snein 18 novimber oansteande soe de Nederlânske skriuwer Joost Zwagerman 55 jier wurden wêze. Dan wurdt ek foar it earst de Joost Zwagerman Essaypriis útrikt. Dy jûns is – om 20.15 oere by BNNVARA op NPO 2 – de dokumintêre Joost Zwagerman – Voor alles bang geweest te sjen, makke troch regisseur Coen Verbraak.

Joost Zwagerman (foto: BNNVARA)

Yn de dokumintêre komme freonen en kollega’s fan Zwagerman oan it wurd, wêrûnder Ronald Giphart, Bart Chabot, Matthijs van Nieuwkerk, Thom Hoffman, Robbert Ammerlaan, Pieter Boskma, Jessica Durlacher, Peter Buwalda en Atte Jongstra. Zwagermans eks-frou Ariëlle ferskynt yn de film foar it earst yn it iepenbier, lykas syn muze Sandra – Sammy út de roman Gimmick! – op wa’t er al jierren fereale wie. De dokuminêre befettet dêrneist unyk argyfmateriaal, lykas nea útstjoerde bylden fan Hamerliefde, de teatertoernee dy’t Zwagerman yn 1998 tegearre mei Ronald Giphart makke.

Joost Zwagerman (1963-2015) skreau bekende romans lykas Gimmick!, Vals licht en De buitenvrouw, mar ek gedichten, essees en kollums. Hy presintearre it telefyzjeprogramma Zomergasten en spruts yn De Wereld Draait Door geregeld oer keunst. Op 8 septimber 2015 makke Zwagerman yn ’e âldens fan 51 jier yn syn wenplak Haarlim in ein oan syn libben.

Sjoernalist, programmamakker en Nipkowskiif-winner Coen Verbraak makke foar BNNVARA en de VARA earder dokumintêren oer ûnder oare Toon Hermans, Boudewijn Büch, Martin Bril, Pierre Bokma en Sonja Barend.

Sjoch ek: documentaires.bnnvara.nl.

novimber 13, 2018 08:50
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*