Hjoed ferkiezings foar weryndieling fan takom jier

novimber 21, 2018 12:41

Weryndielings yn Fryslân en Grinslân (ôfbylding: NOS)

De grutte mearderheid fan ‘e Nederlanners koe acht moanne lyn al in stim útbringe foar de gemeenterie, mar yn 37 gemeenten is it hjoed earst sa fier. Dy 37 gemeenten ferdwine takom jier troch fúzjes. Der bliuwe dan mar tolve mear fan oer.

Yn Fryslân meie de ynwenners fan ‘e gemeenten Dongeradiel, Ferwerderadiel en Kollumerlân nei de stimbus om riedsleden te kiezen foar de gemeente Noardeast-Fryslân. Dy gemeente fan sa’n 45 tûzen ynwenners ûntstiet nei de jierwiksel. Dantumadiel hie der earst ek by yn sillen, mar dy gemeente is teriede woarn en bliuw op himsels, al sil er wol op in nausten mei de buorlju oparbeidzje.

Fryslân hat syn grutte fúzjes in pear jier lyn al hân en no is Grinslân oan bar. Yn dy provinsje ûntsteane troch fúzjes trije nije grutte gemeenten. Sa fusearret Grins mei de buorgemeenten Haren en Ten Boer. De trije gemeenten lykje hielendal net opinoar: in stêd, in grut filladoarp en in boeregemeente yn it ierdskokgebiet. Haren hat him oan ‘e ein ta tsjin de opleine fúzje ward, mar omdôch. Troch de fúzje kriget de nije gemeente, dy’t Groningen hjitte sil, 230 tûzen ynwenners. Oan ‘e Waadsee ûntstiet fierders út de fúzje fan Bedum, de Marne, Eemsmond en Winsum de gemeente Het Hogeland, mei hast fyftichtûzen ynwenners. Yn West-Grinslân foarmje de gemeenten Gruttegast, de Like, Mearum en Súdhorn skielk de nije gemeente Westerkwartier. Dy gemeente hat 63 tûzen ynwenners.

Yn ‘e Rânestêd komt de lytse gemeente Haarlemmerliede by de grutte buorman Haarlemmermeer. De Hoeksche Waard wurdt ek in nije gemeente. Yn it grutte rivieregebiet by de Betuwe om ûntsteane fjouwer nije gemeenten en yn Súd-Limburch ûntstiet troch in fúzje fan trije gemeenten de nije gemeente Beekdaelen.

Twahûndert jier lyn hie Nederlân mear as tolvehûndert gemeenten. No binne dat mar 380 mear en takom jier, as de fúzjes in feit binne, komt it tal op 355 út.

novimber 21, 2018 12:41
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.