SamSam-festival

novimber 8, 2018 10:36 Fernijd

Snein 18 novimber wurdt yn Ljouwert it SamSam-festival “jij bent anders net als ik!” holden. Dat wurdt in middei fol mei muzyk, workshops en aktiviteiten foar de hiele húshâlding. Bern en folwoeksenen mei en sûnder ferstanlike beheining kinne dêr yn in losse sfear harren kreativiteit kombinearje.

Der sille koaren sjonge en bands spylje. Der komme artysten dy’t foar it earst meidogge en guon dy’t ek al by eardere festivals wiene. Ferline jier wie it Iepen Poadium in grut sukses, dus dat is der wer. Dêr kin elkenien dy’t dat wol syn of har sjongkeunsten hearre litte, in gedicht foardrage, dûnsje of op in ynstrumint spylje. De lytse bern kinne harren fermeitsje yn de boartershoeke.

It festival wurdt organisearre troch Stichting Wauw dy’t him ynset om minsken mei en sûnder beheining in noflike middei te jaan en sa de yntegraasje fuort te sterkjen.

It festival wurdt holden yn Neushoorn, Ruterskertier 41 yn Ljouwert. De doarren geane om healwei ienen iepen en it duorret oant healwei fiven. De tagong is fergees

Op www.facebook.com/samsamfest/ is ynformaasje oer it programma te sjen.

novimber 8, 2018 10:36 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.