Young Explorers: nij festival troch jong talint út Fryslân

oktober 7, 2018 09:17

Op sneon 17 novimber is de alderearste edysje fan Young Explorers, in festival foar it poadiumtalint fan de takomst. Yn ien dei kinne besikers efter de skermen sjen by it enoarme teater-, dûns en muzyktalint tusken de tolve en achttjin jier dat yn Fryslân omrint. Young Explorers is in gearwurking fan Explore the North, Meeuw Jonge Teatermakkers, Frysk Jeugd Orkest, Jeugd Dûnsoplieding Fryslân en Ljouwert-Fryslân 2018 Kulturele Haadstêd fan Europa.

Foto: Young Explorers

Farske teksten fan skriuwers fan Meeuw Jonge Teatermakkers
De jonge skriuwers fan Meeuw presintearje farske teksten, yn oanrin nei de presintaasje fan it teaterstik dat op Explore the North 2018 te sjen is. Dêrneist wurde ek sênes spile út harren nijste foarstelling ‘Een beetje duizelig en behoorlijk in de war’ en sjogge besikers trije repetysjes. De jonge skriuwers presintearren earder dit jier al oerdonderjende ienakters op it Taletúnfestival.

Eastenrykske goreograaf nimt jonge talinten mei yn spesjale wurksjop
Ut Eastenryk is de goreograaf Chris Haring oanwêzich, dy’t de jûns mei syn selskp Liquid Loft de foarstelling ‘Church of Ignorance’ presintearret yn de Westertsjerke. Foar de jonge talinten fan de Jeugd Dûnsoplieding Fryslân, dy’t de jûns meispylje yn de opfiering, stelt er in wurksjop gear. Afke Brenninkmeijer en Raymond Guzman (mei Pim Steemers artistike rie fan Jeugd Dûnsoplieding Fryslân) jouwe spesjale dûnslessen en wurksjops dy’t ek tagonklik binne foar besikers.

Foto: Young Explorers

Gearwurking jonge talinten ûnder lieding fan Mohamed Yusuf Boss
Spesjaal foar Young Explorers wurdt der in mienskiplike, multydissiplinêre foarstelling ûntwikkele ûnder lieding fan Mohamed Yusuf Boss. Mohamed Yusuf Boss is in autodidakt dûnser-goreograaf. Yn gearwurking mei Urban House, Club Guy & Roni en Grand Theatre hat er al inkelde earste koarte wurken makke. Oan ’e ein is der ek in praatsjoo dêr’t jonge profesjonals mei de jonge talinten yn petear gean oer de fraach wat Fryslân artistyk foar de talinten betsjutte kin.

Repetysjes en ôfslutend konsert troch Frysk Jeugd Orkest
Net allinnich Meeuw Jonge Teatermakkers en Jeugd Dûnsoplieding nimme de besikers mei yn iepen lessen, it Frysk Jeugd Orkest lit by iepenbiere repetysjes ek sjen en hearre hoe’t muzykstikken ynstudearre wurde. Dat docht it sawol yn folsleine orkestbesetting as ek yn opsplitste groepen. Besikers krije in goed byld fan de wize dêr’t it orkest op gearwurket en hoe’t elk yndividueel orkestlid ynspirearre en ûntwikkele wurdt. It slút de middei ôf mei in konsert.

Young Explorers
Sneon 17 novimber. Lokaasjes: Tryater (Eastersingel 70 yn Ljouwert) en Meeuw Jonge Teatermakkers (Eastersingel 70-B yn Ljouwert). In kaartsje kostet mar € 6,50 en is te bestellen fia explore-the-north.nl.

oktober 7, 2018 09:17
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.