Wittenskippers ûndersykje oft in ‘braingasm’ echt bestiet

oktober 9, 2018 10:53

It súntsjes flústerjen, it tikjen op in foarwerp of it kreakjen fan plestik: de iene fynt it tige hinderlik, de oare wurdt der rêstich fan en kriget in oangenaam prykjend gefoel yn it liif. Guon omskriuwe it sels as in ‘braingasm’.

Ofbylding: Wikipedia/Emma L. Barratt, Nick J. Davis – lisinsje CC-BY 4.0)

De reaksje op sokke lûden wurdt ASMR (autonomous sensory meridian response) neamd en is op YouTube al jierren in populêr sjenre. Minsken dy’t fideo’s mei de lûden sjogge en beharkje, sizze dat se better sliepe kinne, minder depressyf binne en harren minder iensum fiele. Mar doocht dat ek echt? En wêrom fielt de iene it wol en de oare net? Nei dy fraach wurdt hieltyd mear wittenskiplik ûndersyk dien.

Foar minsken dy’t gjin ASMR ûnderfine, is it dreech om de filmkes serieus te nimmen. Hja sjogge minsken flústerjend in handoek yninoar tearen, in dokter dy’t sabeare in petear mei in pasjint fiert of hearre ien eroatyske tonglûden meitsjen by de mikrofoan en wurde der gibelich, opwûn of yrritearre fan.

Giulia Poerio fan de Universiteit fan Sheffield kin sels ek ASMR ûnderfine. Sy tinkt dat minsken it dreech fine om dingen te begripen dy’t se net ûnderfine, mar seit dat guon de filmkes echt brûke om te sliepen of tsjin depresje. Poerio levere mei oare ûndersikers dit jier it earste hoedene bewiis dat minsken dy’t ASMR ûnderfine lichaamlik rêstiger wurde. “Wy seagen dat se op dat stuit in legere hertslach hiene”, fertelt Poerio. “Dat soe derop wize kinne dat se harren mentaal better fiele. It is goed om ASMR fierder te ûndersykjen.”

Yn Nederlân set no ek in ûndersyk útein nei wa’t ASMR ûnderfynt en wêrom. Dat bart op de Universiteit fan Utert. De wichtichste fragen binne oft elkenien ASMR ûnderfine kin, of dat minsken it leare kinne. Mooglik hat ASMR de potinsje om in psychyske behanneling wêze te kinnen foar beskate problemen, lykas no in mindfullnesstrening ynset wurdt by depresje of burn-out. Oft dat echt sa is, moatte de ûndersikers útfine.

oktober 9, 2018 10:53
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*