Wiit yn Kanada útferkocht op earste dei nei legalisearring

oktober 19, 2018 08:56

Yn Kanada is amper in dei nei it legalisearjen fan wiit op in protte plakken net mear oan de drug te kommen. Der kamen safolle Kanadezen en toeristen nei de kofjesjops, dat de foarrieden yn in pear oere op wiene. Websiden fan sertifisearre winkels rûnen fêst en dêr wiene de foarrieden ek samar útferkocht.

Foto: Wikipedia/Chmee2 – lisinsje CC BY-SA 3.0

Klanten moatte no nei alle gedachten wiken op harren bestelling wachtsje. It is net dúdlik wannear’t de tekoarten wer oanfolle wurde. Yn in tal grutte stêden koene kofjesjops net iens iepen, om’t se te min foarrie hiene. “Ik bin teloarsteld. De skoare is no ien punt foar de swarte merk, nul punten foar de oerheid”, seit in klant dy’t oerenlang om ’e nocht by in kofjesjop yn Quebec stie te wachtsjen.

Kanada hat goed 120 sertifisearre produsinten. Dy hawwe yn oanrin nei de legalisearring harren produksje al flink opfierd, mar dat bliek lang net genôch. Undersikers hiene al konkludearre dat der trije kear mear kannabis produsearre wurde moat om oan de fraach te foldwaan.

De legalisearring smyt foaral in protte jild op. Allinnich al yn de lytse provinsje Nova Scotia waard de earste dei al goed 500.000 euro útjûn oan wiit. It smyt de oerheid flink wat belestingynkomsten op. Nei alle gedachten sil de kannabismerk yn Kanada dit jier fiif miljard omsette, yn 2024 sil dat bedrach ferfiiffâldige wêze, ferwachtsje saakkundigen.

In oare bykomstichheid is de groei fan it drugstoerisme. Ferskate fakânsjeoanbieders yn Kanada berjochten fan ’e wike dat it tal besikers 350 persint tanommen wie. Canna Tours, in nij bedriuw dat foar 125 Kanadeeske dollars toeristen trije oeren lang by wiitferkeapers lâns rydt, hie gâns mear boekings en tinkt oan útwreiding fan it oanbod mei tochten by wiitkwekers lâns.

oktober 19, 2018 08:56
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.