Warnsbetinking 2018: Sûnder mienskip gjin takomst

oktober 1, 2018 14:27

It tema fan de Warnsbetinking wie yn 2018 Sûnder mienskip gjin takomst. Ien en oar mei in knypeach nei Ljouwert-Fryslân Kulturele Haadstêd 2018.

De betinking fan 2018 wie de lêste yn de rige fan fiif betinkings oer ferbining. Taal en kultuer binne eleminten om dy ferbining stal jaan te kinnen. Dat freget – as der ferskillen fan taal en kultuer binne – oer en wer respekt en ferantwurdlikheid foar inoars identiteit.

Doel wie omtinken te freegjen by foaral dy publyksgroepen, dy’t mooglik wat bûten de gewoane publisiteit fan LF2018 trochreitsje koenen. It wienen yn:

2014 – de bûtenfriezen,
2015 – de jongerein, dy’t doe hiel kritysk foar de KH oer stie,
2016 – Friezen yn Noard- en East-Fryslân,
2017 – “nije Friezen”, ynkommelingen fan de lêste 10-tallen jierren.

De lêste tiid wurdt gauris praat oer ‘legacy’, in term foar de mooglike opbringst fan LF2018. Foar de Warnsbetinking yn 2018 hat it Stiftingsbestjoer de bestjoeren fan pleatslik belang frege, oft se harren yn harren doarp of doarpen, yn it ramt fan de KH, ferbûn fiele oan dy mienskip, en oft se der harres ta dwaan wolle om dy mienskip fleurich en geef te hâlden. Troch migraasje en globalisearring kin de (Fryske) mienskip maklik ûnder druk komme te stean en is yntegraasje oan de oarder.

It Stiftingsbestjoer hat fan in 80 pleatslike belangen – fertsjintwurdigjend in 100 doarpen – in ynfolle oarkonde krigen mei in posityf antwurd op dy fraach. Negative reaksjes ha wy eins net hân. In moai resultaat. It belang fan in libbene mienskip wurdt yn gâns doarpen field. Dêrom kin de lêste Warns-betinking mei rjocht ek Mienskipsdei neamd wurde. Mooglik in namme foar de takomst.

Deputearre Jehannes Kramer kriget de oarkonde fan âldfoarsitter fan de Stifting Slach by Warns Roel Falkena en skriuwster Tsjitske Meesters, dy’t de kommunikaasje mei de doarpen ûnderhâldt. Foto: It Nijs

Roel Falkena hat as âld-foarsitter fan de Stifting Slach by Warns in ynliste oarkonde mei alle nammen fan de doarpen derop oanbean oan deputearre Kramer fan de provinsje Fryslân mei de wurden: Wy biede Jo hjirby de oarkonde oan mei de nammen fan alle pleatslike belangen mei de winsk dat jimme it sjen sille as stipe foar jimme polityk fan libbene fisken. (Deade fisken streame mei it wetter mei, mar libbene fisken swimme der yn op).

Deputearre Kramer krige dêrnei it wurd en lei der de klam op dat de mienskippen sels in earste taak ha om dy mienskip fleurich en geef te hâlden. As aktueel foarbyld joech er swimmer Maarten van der Weijden, dy’t it mienskipsgefoel by de Friezen oanspruts mei syn Alvestêde-swimtocht.

It programma waard fuortset mei in muzikale presintaasje fan folkband Reizger út Riis. Benammen it lêste liet mei as titel Grûn fan ús bestean makke yndruk en joech goed wer wat de mienskip foar jo identiteit betsjutte kin. De doarpen sels wienen ek útnûge om mooglik in bydrage te leverjen. Acht bestjoeren hawwe dêr gebrûk fan makke troch in liet, in gedicht oer it doarp of it lânskip, of mei in koarte tekst oer gearwurking yn de mienskip ta te stjoeren.

Reizger op it Reaklif. Foto: It Nijs

Omwille fan de tiid hienen wy twa ‘doarpen’ útnûge om dy bydrage op it Klif nei foaren te bringen. De oare bydragen waarden yn it programmaboekje neamd. Sa presintearre Jantsje Post út Winaam it gedicht Tidigje. Yn it gedicht jout de dichteres oan hoe’t hja yn it doarp op taal en ferhaal kommen is. Elly Attema út Blauhús fertelde oer en lies foar út it gedicht Myn Blauhús, dêr’t it libben en wenjen oan de bochtsjende Himdyk foar de ynwenners sintraal stiet.

Mei as ôfsluting it mienskiplik sjongen fan It Heitelân en it delheljen fan de Fryske flagge wie de betinking ôfrûn en koenen de dielnimmers foar in neisit nei kultureel sintrum De Spylder yn Warns.

Bestjoer fan de Stifting Slach by Warns

oktober 1, 2018 14:27
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.