Warnsbetinking 2018: deputearre Kramer oer ús iepen mienskip

oktober 2, 2018 08:00 Fernijd
Taspraak op de ‘Mienskipsdei’ op it Reaklif (29 septimber 2018), útsprutsen troch deputearre Johannes Kramer

Mienskipssin. Foar de ien hiel gewoan, foar de oar in unyk fenomeen.

Wy ha mei Kulturele Haadstêd yn 2013 fan Eindhoven en Maastricht wûn om’t de ynternasjonale sjuery fûn en erkende dat wy Friezen mei folle minder jild folle mear mienskip ynbrochten.

Fryslân is datoangeande unyk. In pracht lân, net om ‘e nocht de moaiste en gelokkichste provinsje fan Nederlân. Gauris wurdt my frege wat ik no dochs sa moai oan Fryslân fyn. En dit is myn antwurd: net ús eilannen of ús marren, net ús stêden of ús doarpen, of ús bisten of ús planten, nee, it aldermoaiste oan Fryslân binne de Friezen. In mienskip, al mear as twatûzend jier mei-inoar ûnderweis, gjin eigen steat, gjin eigen kening en ek gjin eigen leger, mar dochs noch hieltyd hjirre, tusken de See en de Wrâld, ûnder de hege loft en yn it wiide grien: Wy binne der! Wy meie der ek wêze, lykas Tom Dijkstra hjoed yn de LC sei.

Mar – en dat joech foar de útferkiezing ta kultuerele haadstêd ek de trochslach – gjin mienskip dy’t mei de doar op slot en de gerdinen ticht in besletten feestje fiert. Nee, in iepen mienskip. In iepen mienskip dy’t de konfrontaasje mei de bûtenwrâld oan gean wol en ek moat, om’t yn in stilsteand wetter úteinliken neat oerbliuwt.

Want ik hear hjir en dêr noch wolris wat misbegryp oer it wurd mienskip. Want blykber hat dat foar guon dochs in wat benearjende byklank. En ik begryp dat it foar guon dreech is om te akseptearjen dat net alles yn jins libben it gefolch is fan frije kar en frije wil. Want de mienskip hat men net útsocht. Dy mienskip is jin taskikt.

Mienskip is dy natuerlike foarm fan minsklik gearlibjen dy’t tusken it yndividu en de steat yn stiet. Mienskip is mei-inoar wille hawwe, mei-inoar belibje. Mei- inoar skrieme en mei-inoar diele. Mar it moaie fan mienskip is dat it net statysk is. It is dynamysk. Jo dogge deroan mei. Jo kinne de mienskip sels mei stal jaan.  Want is it net nuver dat krekt yn mominten fan grutte wille of grut fertriet it gefoel fan mienskip it meast fielber wurdt?

En sels yn it kulturele mienskipsjier liet de mienskip him net hielendal stjoere. In sels betochte aksje makke dat de flam yn de panne sloech by de Friezen en brocht it Mienskipsjier yn syn hiele hear en fear folop yn it sintrum fan de nasjonale en ynternasjonale belangstelling. Want wie it net nuveraardich dat it lykas yn 1345 op ’e nij in Hollanner wie dy’t ús it mienskipsgefoel bybringe moast, yn de dy prachtsimmer fan 2018? Op ’e nij lei in Hollanner yn it wetter en wiene de Friezen bliid. Ja Fryslân Boppe, want der lei in Hollanner yn de groppe. Mar net om’t er fersûpe soe, mar krekt om’t er winne woe, sadat oaren libje koene. En syn persoanlike striid tsjin kanker waard de striid fan de mienskip tsjin kanker. En de minsken kamen spontaan en manmachtich. Nachts lieten de boeren de ljochten fan harren trekkers skine, sadat Maarten troch it tsjuster komme koe. It alvestêdegefoel kaam sels yn de waarmste simmer noch by de Friezen nei boppen driuwen.

Friezen kinne ek ûnteie as it boppe nul is. Dêrom is ek dit kulturele haadstêdjier no al in sukses. It betochte folksfeest is spontaan in mienskipsfeest wurden. Mar ek in mienskip dy’t de konfrontaasje mei himsels oan doar te gean. Wat is dat in mienskip? En wat betsjut dat dan? Foar dy en my? Foar ús?

Deputearre Johannes Kramer op de Mienskipsdei op it Reaklif. Foto: It Nijs

De minsken fan de Fryske beweging kinne net sizze dat hja en inkeld hja de Fryske Mienskip binne. Hja binne dêr in ûnderdiel fan, mar se sille harren rekkenskip jaan moatte fan it feit dat de Fryske mienskip grutter en breder is as hjasels binne of wêze kinne. Dêrom is it ek goed dat it betinkingskomitee him ta de doarpen rjochte hat. En ik nim ek graach út namme fan de Provinsje dy ferklearringen oan. It is goed en moai dat safolle doarpen op sa’n koarte termyn posityf reagearre hawwe. Net ferwûndering om’t Friezen, lykas okkerdeis bliken die troch in ûndersyk fan it Frysk Sosjaal Planburo, minder fan harren oerheid en mear fan harren meiminsken, fan harren mienskip ferwachtsje.

Mar wat foar de beweging jildt, jildt ek foar de Provinsje. De Provinsje is net itselde as de Fryske Mienskip. Wy kinne har hoedzje en noedzje, mar har net ôftwinge of oplizze. Dat is ek it sintraal útgongspunt yn myn fyzje: minsken binne mear as in optelsom fan belangen, minsken hawwe harren eigen libben en moatte safolle mooglik by steat steld wurde en jou dat stal nei eigen ferlet en ynsjoch.

De Fryske Mienskip sil en moat himsels stal jaan. Bygelyks yn lange en tsjustere nacht, as it liket dat der gjin dei mear komme sil, mar de minsken dochs mei- inoar en byinoar komme om yn it tsjuster ljocht te bringen. Lykas de trekkers foar Maarten van der Weijden. Dat is it momint dat de Mienskip letterlik en figuerlik opljochtet en sichtber, fielber, taastber wurdt.

Ik hoopje dêrom dat noch lang, salang as de beam groeit, it gers bloeit en de wyn fan de wolken waait ús Fryske Mienskip opljochtsje mei, yn de nacht fan in alvestêdetocht, yn it jier fan kulturele haadstêd en ek hjir, hjir op it Reaklif op Leaffroudei.

Sjoch hjir foar in ferslach fan de Warnsbetinking fan 2018 en hjirre foar de taspraak fan de deifoarsitter.

oktober 2, 2018 08:00 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.