Waarpraatsje: simmerske dei yn Ljouwert!
Resint ferskynd

foto © Jan Brinksma
DE JOUWER – It wie sneon tige waarm foar de tiid fan it jier. Yn Ljouwert waard in offisjele simmerske dei (25 graden of heger) optekene. Tige bysûnder yn de wynmoanne. Snein is it ek noch neisimmer.
Yn ’e nacht fan sneon op snein is it helder. By in matige sude- oant súdeastewyn wurdt it 14 graden.
Snein skynt de sinne, mar der is sa út en troch ek (wat) hege bewolking. De wyn is matich en komt út it suden. It wurdt tusken de 20 en 24 graden.
Fan moandei ôf sil it waar feroarje. It wurdt koeler en ritich mei kâns op rein.
Jan Brinksma
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje