Waarpraatsje: noch twa dagen waarm
Resint ferskynd

foto © Jan Brinksma
DE JOUWER – Tongersdei waard it yn it grutste part fan Fryslân goed 20 graden. It bliuwt noch twa dagen waarm neisimmerwaar.
Yn ’e nacht fan tongersdei op freed is de loft berûn, mar it bliuwt, nei alle gedachten, drûch. De sudewyn is swak oant matich, by de kust lâns frij krêftich. It wurdt 13 graden.
Freed skynt de sinne, mar der is ek hege bewolking. De wyn komt út it suden en is matich. It wurdt op ’e nij om de 20 graden hinne.
Sneon wurdt it noch wat waarmer, mar snein is it koeler en kin it ek wolris reine.
Jan Brinksma
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje