Waarpraatsje: letter neisimmer

oktober 8, 2018 19:19

foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – Nei in frisse nacht wie it moandei in moaie hjerstdei. It bliuwt foarearst kreas, mei letter yn ’e wike neisimmerwaar.

Yn ’e nacht fan moandei op tiisdei binne der opklearringen, mar der is sa út en troch ek bewolking. Op guon plakken kin wat damp ûntstean. De sudewyn is swak. By de noardlike kust lâns stiet in matige súdwestewyn. It wurdt tusken de 4 en 8 graden.
Tiisdei  skynt de sinne, mar der is ek hege bewolking. De wyn is swak en komt út it suden. Mei 17 graden is it noflik foar de tiid fan it jier.

Fan woansdei ôf wurdt it noch wat waarmer. Boppedat bliuwt it de earste dagen, sa goed as, drûch.

Jan Brinksma

oktober 8, 2018 19:19
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.