Waarpraatsje: in bytsje hjerstich

oktober 22, 2018 18:44

foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – It waar kriget sa njonkelytsen in wat hjerstiger karakter.

Yn ’e nacht fan moandei op tiisdei rekket de loft berûn. De wyn komt út it westen en is matich, by de kust lâns en boppe de Iselmar frij krêftich. It wurdt 9 graden.
Tiisdei is de loft ek berûn en kin it sa út en troch wat reine. De westewyn is matich oant frij krêftich, by de kust lâns en boppe de Iselmar krêftich oant hurd. It wurdt 13 graden.

Woansdei feroaret der net folle oan it waar. Wy sille de sinne net al te folle sjen en in dripke reinwetter is net hielendal útsletten. It wurdt op ’e  nij om de 13 graden hinne.

Jan Brinksma

oktober 22, 2018 18:44
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.