Utstalling oer ‘grutste fergetten Fries’ Viglius van Aytta

oktober 18, 2018 11:07

Op sneon 20 oktober iepenet Tresoar de útstalling Viglius fan Aytta (1507-1577), strateech yn in iuw fan tsjinstellingen.

Viglius van Aytta (ôfbylding: Tresoar)

Viglius fan Aytta is ien fan de ‘finsters op de skiednis’ yn de Kanon fan Fryslân. Hy lit ús neitinke oer de komplekse 16e iuw dêr’t Europa, de Nederlannen en Fryslân sa yngripend yn feroaren en dêr’t Viglius sa’n wichtige rol yn spile. Viglius wie jurist, humanist en steatsman en makke in bliksemkarriêre ûnder Karel V en Philips II. Hy wie ien fan de machtigste Friezen yn it Europa fan syn tiid. Mar wa wit noch fan him? Alle reden om yn ’e kunde te kommen met ‘de grutste fergetten Fries’. Njonken de útstalling binne der lêzingen (30 minuten) fan Jan-Meinte Postma oer libben en wurk fan Viglius en fan Bert Looper oer Fryslân en Europa yn de 16e iuw. Josse Pietersma en Hanneke Heerema jouwe trochrinnend in taljochting op de troch harren gearstalde útstalling.

Wannear: sneon 20 oktober 13.30-17.00 oere (útstalling mei taljochting); lêzingen om 13.30 en 14.30 oere (parallel)
Wêr: Tresoar, Bûterhoeke 1, Ljouwert
Tagong en kofje/thee fergees

De útstalling is o/m 30 desimber ûnder de iepeningstiden yn Tresoar te sjen.

oktober 18, 2018 11:07
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.