Utspraak Gerjochtshôf: Nederlân moat útstjit flugger weromkringe

oktober 9, 2018 11:03

De Nederlânske Steat moat mear dwaan om de útsjit fan broeikasgassen werom te kringen. Dat hat it gerjochtshôf yn De Haach hjoed bepaald. It hôf hanthavenet dêrmei in opskuor jaande útspraak fan de rjochtbank dy’t goed trije jier lyn klimaatorganisaasje Urgenda ek al yn it gelyk stelde.

Foto: pixabay.com

Urgenda easket dat de Steat maatregels nimt sadat de útstjit fan broeikasgassen yn 2020 mei 25 persint werombrocht is neffens 1990. It hôf komt ta it oardiel dat 25 persint it minimum is foar de Steat om te foldwaan om syn soarchplicht. It seit mei klam dat der sprake is fan in “reële driging” troch klimaatferoaring.

It hôf fersmiet sa goed as alle arguminten dy’t de lânsadvokaat oanfierd hie. Dat Nederlân mar in lyts lantsje is en dat klimaatferoaring in wrâldprobleem is, erkende it hôf, mar heakke deroan ta dat soks “Nederlân net ûntslacht fan de ferplichting om fan syn grûngebiet ôf nei fermogen ynspannings te leverjen dy’t beskerming biede tsjin klimaatferoaring.”

Dat Nederlân him as doel steld hat om yn 2030 de útstjit mei 49 persint werombrocht te hawwen, lit it hôf net troch liede. No yngripe is nedich, om risiko’s en ekstra kosten te beheinen, seit it hôf. Ferline jier wie de fermindering fan de útstjit trettjin persint. Neffens it hôf leit Nederlân op koers om de útstjit mei 23 persint te beheinen, mar der is in wichtige ûnsekerheidsmarzje fan 19 oant 27 persint. Om dy reden is der neffens it hôf in reële kâns dat it leger wurdt en dat is “net akseptabel”.

oktober 9, 2018 11:03
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. snarf oktober 10, 13:37

    KLIMAAT
    De Steat moat krêftige maatregels nimme, om de útstjit fan broeikasgassen aktyf tsjin te gean. 25 persint minder CO-2 útstjit neffens 1990. VVD en CDA binne op dit mêd júst wêromhaldend oan it wurden? Wiebes wol nei de Hegere Bestjoersrojochter fanwege de útspraak fan de rjochter. Beskamsum!

    Ommers, de Steat hat in soarchplicht foar ús allegear, mar foaral ús bern en bernsbern en gean sa mar troch yn de tiid.

    De measte minsken yn Nederlân, mar soks jild tink ik ek foar Europa en Amearika (om mar in stik fan de wrâld te neamen) hawwe hjir gjin weet fan.

    Sy steane der net by stil en geane – tink ik – gewoan troch mei wat se altiid en alle dagen dogge. Bygelyks in fiere bûtenlânske reis foar in pear euro’s moat hoe dan ek trochgean, guon sizze dat se in stikje flesk minder ite …

    De toeristyske yn dustrie moat noch grutter wurde, stiet yn de Ljouwerter fan hjoed. Foaral yn Noard Nederlân. It giet om (nije) wurkgelegenheid. Toerisme bringt op’t stuit foar Nederlân as gehiel, 29 miljard euro yn it laatsje. Dat levert ek behoarlik wat belêstingjild op en dat is wer goed foar de Nederlânske begrutting, en neam mar op. Soks stopje is dus net maklik, mar der moat wol wat tsjin dien wurde!

    It hof seit dat der sprake is fan in “reële driging” troch klimaatferoaring. Nederlân is mar in lyts lantsje, mar dat ûntslacht Nederlân net fan de ferplichting om fan syn grûngebiet ôf nei fermogen ynspannings te leverjen dy’t beskerming biede tsjin klimaatferoaring.”

    Neffens VVD foaroan-man Winsemius, oansetter ta it neitinken oer it klimaat, skriuwt yn Trouw dat politike beslúters oer it klimaatbelied, hast allegearre ‘mei-stribbelers’ binne. Se binne it mei innoar iens, mar nimme docht wat! Jo ha der beliedsmjittich mear lêst fan dan foardiel!!

    Wa fan de politike partijen doart bygelyks it fleankaartsje (ticket) troch belêsting op in kaartsje folle djoerder te meitsjen of it rekkeningriden yn te fieren? Nimmen fan de gruttere partijen, want soks kostet stemmen by de ferkiezingen. En gean sa mar troch…

    Moatte wy it fan nije jonge politike lieders ferwachtsje? Sa as de nije fraksjelieder fan D’66: Rob Jetten? De jongerein grypt de macht yn Den Hach? Ik tel 6 fraksjelieders ûnder 40 jier.

    Moat Sander de Rouwe de Rouwe of Sietske Poepjes foar it CDA fanút Fryslân nei Den Haach? Hearre Sybrand Buma en GertJan Seegers en Mark Rutte by de âlde betweterige garde? Dan moat ik as 78-jierrige my alhielendal stil hâlde! Sorry!

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*