Stimme foar 17e Fryske RadioReklamepriis!

oktober 31, 2018 07:36

Fan 1 novimber ôf kin der wer stimd wurde foar de 17e Fryske Radio Reklamepriis (FRP). Sjoch op www.fryskereklamepriis.frl. It doel fan de Fryske Reklamepriis is it stimulearjen fan it brûken fan de Fryske taal of in Fryske streektaal yn reklame-uteringen. De FRP is in inisjatyf fan de Ried fan de Fryske Beweging. Op 14 maart 1995 waard de earste FRP útrikt en dy wie doe noch allinnich foar radioreklame.

De dielnimmers binne bedriuwen, organisaasjes yn ’e tsjinstferliening en oare ynstellingen, dy’t reklame meitsje op radio en telefyzje. De 17e FRP-radio wurdt keazen út reklames dy’t yn 2017 útstjoerd binne op Omrop Fryslân radio. Op 1 desimber sil it winnende spotsje bekend makke wurde.

De Priiswinner fan de FRP   
It earste healjier fan in kalinderjier stiet tenei yn it teken fan telefyzjereklame. No, it twadde healjier kriget radioreklame alle omtinken. Yn it oanbod, ôfkomstich fan Omrop Fryslân, binne troch de FRP-kommisje trije spotsjes nominearre, dêr’t it publyk fan 1 oant en mei 30 novimber online op stimme kin. Minsken dy’t stimme meitsje kâns op in iPad.

It spotsje mei de measte stimmen kriget it ferneamde Grutte Pierbyldsje, in oarkonde en in € 250,-. It orizjinele libbensgrutte byld fan Grutte Pier is makke troch Anne Woudwijk en stiet yn Kimswert.

By de FRP stiet it byldsje foar it selsbewust brûken fan it Frysk yn de kommunikaasjemiddels. It is mei de FRP in kwestje fan oanhâlde as storein mei Frysktalige reklames yn Fryslân, foar in grutte oermacht fan Hollânsktalige spots oer. It byldsje hat dan ek de útstrieling fan swier, grut, sterk en ûnfersetlik.

De priiswinner kin besite ferwachtsje fan in nijsgjirrige delegaasje!

oktober 31, 2018 07:36
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.