Twadde plak foar Tresoar by ferkiezing ‘Stuk van het jaar’

oktober 29, 2018 08:50

Mei de ôfskiedsbrief fan fersetsstrider Folkert Bergsma hat Tresoar sneon it twadde plak behelle by de lanlike ferkiezing ‘Stuk van het Jaar’. De winst gie nei it CBG Centrum voor Familiegeschiedenis.  

Foto’s: Tresoar

De tweintichjierrige Bergsma waard yn febrewaris 1944 fusillearre troch de Dútske besetters fanwegen syn rol yn in fersetsgroep yn Seisbierrum. Twa dagen foar syn eksekúsje mocht hy in ôfskiedsbrief skriuwe. Dy stjoerde Tresoar yn gearwurking mei it Fries Verzetsmuseum yn foar de ferkiezing.

Ferkiezing
‘Stuk van het Jaar’ is de twajierlikse lanlike ferkiezing foar it moaiste, meast bysûndere of meast oandwaanlike argyfstik. It tema fan dit jier wie ‘Opstand’. Tresoar behelle fan alle 44 dielnimmers it twadde plak. De priis waard op de Nacht van de Geschiedenis útrikt yn it Rijksmuseum troch Sacha de Boer.

Sosjale media
Yn de moanne oktober hat Folkert ‘sels’ it ferhaal fan syn ferset, arrestaasje en feroardieling ta de dea ferteld op syn eigen Facebookside en de webside fan Tresoar.

Ympakt
“Dat wy safolle stimmen krigen hawwe is geweldich fansels”, seit projektlieder Marre Sloots fan Tresoar. “Mar wat it measte yndruk op ús makke wiene alle reaksjes dy’t dêrop folgen”. De ôfrûne wiken kamen der nei oanlieding fan it ferhaal fan Folkert by Tresoar ferskate berjochten, mails en telefoantsjes yn. It levere bysûndere ferhalen op fan tsjûgen, en sels in tal nije oanwinsten foar it argyf. Marre Sloots: “Dizze ferkiezing toant oan dat it yn argiven net giet om papier en stof, mar om minsken en ferhalen”.

By de kampanje wie der geregeld kontakt mei ien fan de famyljeleden fan Folkert, syn 91-jierrige suster. Sy joech oan tankber te wêzen dat it ferhaal fan har broer op dizze wize op ‘e nij oandacht krigen hat.

Ferfolch
Hoe no fierder, nei it beheljen fan dit moaie twadde plak en al dy bysûndere oanfollingen oan it dossier fan Folkert? “Wy hawwe ideeën om syn ferhaal te fertellen op skoallen,” seit Marre Sloots. “En ynkoarten komt it dossier fan Folkert ynklusyf de nije dokuminten beskikber foar minsken dy’t ynteressearre binne.”

Tresoar betanket elkenien dy’t op de brief fan Folkert stimd hat, en yn it bysûnder it Fries Verzetsmuseum en Ellen Vellema-Bergsma foar harren hertlike stipe fan en belangstelling foar de kampanje. Tresoar felisitearret it CBG Centrum voor Familiegeschiedenis mei it beheljen fan it earste plak.

oktober 29, 2018 08:50
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.