Trump: klimaatferoaring is gjin betinksel

oktober 15, 2018 08:25

De Amerikaanske presidint Trump sjocht klimaatferoaring net langer as in betinksel. “Ik ûntken klimaatferoaring net”, sei er yn in fraachpetear mei de telefyzjestjoerder CBS. Wol stelde er dat it klimaat op in bepaald stuit “wer werom” feroarje kinne soe.

Foto: pixabay.com

Trump sei fierder te betwiveljen oft de minske de oanstichter is fan klimaatferoaring. Hy warskôge dat de oanpak fan klimaatferoaring tige kostber wurde sil. Hy sei gjin “biljoenen dollars” útjaan te wollen en gjin “miljoenen banen” ferlieze te wollen.

Trump hat klimaatferoaring earder ferskate kearen net allinnich ôfdien as in betocht probleem, mar ek as in Sineesk betinksel en as in manier om in protte jild te fertsjinjen oan de Feriene Steaten. De kosten wiene ek de reden foar Trump om de FS ferline jier werom te lûken út it klimaatakkoart fan Parys, om sa “in earlikere deal foar de FS en syn arbeiders” krije te kinnen.

Opwaarming
Dat it klimaat sterk feroaret en de ierde opwaarmet wurdt ûnderskreaun troch hast alle ynternasjonale klimaatwittenskippers en wittenskiplike organisaasjes. Der is ek in brede oerienstimming dat de minske de wichtichste oarsaak fan de resinte opwaarming is. Ferline wike warskôge it Feriene Naasjes-panel IPCC yn in rapport dat de opwaarming fan de ierde beheind wurde moat ta op syn heechst 1,5 graad om it risiko op ûnder oare drûchte en oerstreamings te beheinen.

oktober 15, 2018 08:25
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.