‘Trouwen in stijl’ tema fan grutste breidsbeurs yn Fryslân

oktober 8, 2018 19:34

It WTC Hotel yn Ljouwert is snein 14 oktober it dekôr foar de grutste en gesellichste troubeurs yn Fryslân. Breidspearen kinne ynspiraasje op dwaan om op harren Bliere Dei yn styl te boaskjen. Tagelyk kinne se alfêst yn ’e kunde komme mei bygelyks de fotograaf, de DJ, de weddingplanner, de trou-amtner of de sjauffeur fan de trou-auto.

Nei it sukses fan ôfrûne maitiid en foargeande jierren organisearret it Troukollektyf Fryslân wer in sfearfolle beurs dy’t yn it teken stiet fan it belibjen. Dy organisaasje is in gearwurkingsferbân fan Fryske trou-ûndernimmers, dy’t foar takomstige breidspearen ienfâldich in komplete brulloft organisearje kinne.

Alle fasetten fan de brulloft binne yn it kollektyf én op de beurs fertsjintwurdige. Fan feestlokaasje oant ringen, fan blommen oant make-up. De ûndernimmers sille de breidspearen ferrasse mei smaaklike priuwerijen, swingende dûnsdemo’s en fansels geweldige moadeshows.

Wa’t allegear dielnimme is te sjen op trouweninstijl.nl en dêr binne kaarten mei koarting re bestellen. Op de Facebookside fan ‘Trouwcollectief Friesland’ en ‘Trouwen in stijl’ binne oantreklike (koartings)aksjes!

De breidsbeurs is sneintemiddei 14 oktober fan 13.00 oant 17.00 oere yn it Westcord WTC hotel oan de Heliconwei 52 yn Ljouwert. Parkearjen is fergees. Kosten yntree: onlinekaarten € 5,00, oan de kassa € 7,50

oktober 8, 2018 19:34
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*