Trochstekken bûtendykse kaaidyk Fiifhuzen makket swiet-sâlte oergong mooglik

oktober 31, 2018 11:42

Foto: Dave Bloemhof

Tiisdei 30 okotober is in bejin makke mei it trochstekken fan in part fan de Lontdyk yn it projekt Fiifhuzen ‘Fan Swiet nei Sâlt’. Dat wie it begjin fan de lêste faze fan dat grutte projekt dêr’t Wetterskip Fryslân, It Fryske Gea, provinsje Fryslân en gemeente Ferwerderadiel in ympuls mei jouwe oan de wetterôffier, lânbou, fiskmigraasje, natuerûntwikkeling en rekreaasje yn it noarden fan Fryslân. 

It trochstekken fan de Lontkaai soarget foar in ferbining tusken it Waad, Noard-Fryslân Bûtendyks en it nije gemaal. In unike kâns, want dêrtroch kinne fisken aanst út it Waad wei yn it Fryske binnenlân komme. Dêrneist ûntstiet yn it natuergebiet in stadige oergong fan swiet nei sâlt wetter.

Stadige swiet-sâlte oergong
Brak wetter is unyk yn Nederlân. Allinnich de Easterskelde en de Eems-Dollard binne noch plakken dêr’t swiet wetter him mei sâlt wetter mingt. Sokke plakken binne foar de natuer hiel wichtich, omdat se bysûndere bisten en planten oanlûke lykas iel, klút, fliekrûd en see-aster. Trochdat de Lontkaai foar in part ferdwynt, kin it wetter dêr wer streame.

As der in protte wetter falt wurdt it nije gemaal ynset om it út de Fryske boezem en binnendykse polders wei nei see ôf te fieren. Mar oars ek sil it hieltyd in stream swiet wetter ‘troch’ de seedyk pompe. Yn it bûtendyks gebiet mingt it swiete wetter him stadichoan mei it sâlte seewetter. Sa ûntstiet der in stadige swietsâlte oergong.

Bûtendyks gebiet
De swiet-sâlt gradiënt is in soarte fan bûtendykse rivier dy’t tusken twa nije wâlen leit. Yn it gebiet bûten de seedyk lizze ferskate diken. Dy simmerdiken soargje derfoar dat it Waad minder ynfloed hat en de simmerpolders simmerdeis drûch bliuwe.

De rjochtbank Noard-Nederlân stelde Wetterskip Fryslân en It Fryske Gea earder fan ’e wike yn it gelyk yn in koart skeel dat oanspand wie troch in pachter en in lâneigener yn it bûtendyks gebiet. Dy betwivelje oft de nije kaaien wol sterk genôch binne. Neffens Wetterskip Fryslân en It Fryske Gea foldogge se oan alle easken. Om oan de soarch fan de bûtendykse eigeners yn ’e mjitte te kommen, wurde de kaaien de kommende tiid goed yn ’e gaten holden.

oktober 31, 2018 11:42
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.