Trilogy Wytze Brandsma folslein

oktober 13, 2018 09:23

Brâning

Fan Wytze Brandsma is okkerdeis de tredde bondel – Brâning – fan syn trilogy mei koarte gedichten útkommen. Dy telt, lykas de beide oare, fjirtich aforistyske, libbensbeskôchlike teksten, allegear yn it Frysk en yn it Nederlânsk. Dat lêste benammen ek mei it each op LF2018. Yn ien jier tiid kamen fan de earste bondel de 4e printing en fan de twadde en de niis neamde tredde bondel de 1e printing út. Allegear op deselde wize en kreas fersoarge.

Brandsma is agooch en teolooch. Hy is op syk nei de sin fan it libben. De ferantwurdlikheid om goed te dwaan en respektfol mei-inoar om te gean leit by elk yndividu sels. Sintraal stiet de frijheid om yn de brâning fan it libben jins eigen doel te sykjen en yn te kleurjen.

Dat de bondels alle trije fjirtich gedichten befetsje is gjin tafal. Yn de joadske, de kristlike en de islamityske tradysje hat it getal fjirtich in spesjale betsjutting. It stiet faak yn relaasje ta in yngripend barren, dêr’t in tiid fan besinning, in ripingsperioade en in oergong nei in nije faze op folget. By en troch it skriuwen fan teksten oer it sinjaan en ‑belibjen oarderet de dichter syn tinzen en ûntstiet in balâns yn tinken, fielen en hanneljen. Dat laat ta in ferskaat fan ûnderwerpen.

Brandsma skriuwt yn syn foarwurd dat er hopet dat syn gedichten útnûgje ta it sinjaan fan in libbenspaad, dêr’t it erkennen fan de bûntens fan leauwens ta respekt en ferdraagsumens yn laat, want, sa’t in Joadsk sprekwurd seit, wa’t fol fan himsels is, yn him/har is gjin plak foar God.

De bondels binne útjûn by de teologyske útjouwerij Narratio yn Gorkum http://www.narratio.nl/category/boeken en kostje € 9,00 it stik.

God is it antwurd net: ISBN 978 90 5263 469 2
De neakene wierheid: ISBN 978 90 5263 494 4
Brâning: ISBN 978 90 5263 498 2
oktober 13, 2018 09:23
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*